Oerémis
Oerémis | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk | |
sjenre | Blues | |
âld-leden | Simon Slooten | |
leden | ||
Sang & Toetsen |
Theo Douma | |
Sang & Gitaar |
Wim Douma | |
Drums | Ery Dam | |
Saksofoan | Zwaanette Dijkstra | |
Gitaar | Eckhardt Dulfer |
Oerémis is in Frysk kwintet út de Rottefalle. De band bestiet út de bruorren en húsartsen Theo Douma (tekst, sang, piano en toetseboerd) en Wim Douma (tekst en gitaar), manager Ery Dam (23 july 1951, slachreau), muzykleraresse Zwaanette Dijkstra (saksofoan en akkordeon) en haadredakteur Eckhardt Dulfer (gitaar). Nei fjouwer jier stapte trompettist Simon Slooten út de band en waard ferfongen troch Wim. Hjirtroch waarden de nûmers minder jazz en mear rock, mar kaam der in twadde skriuwer fan tekst en muzyk.
Mei it dichtsjen fan it sintsje 'Fan 'e moarn waard ik wekker en ik fielde my net lekker,' wie earne ein jierren tachtich Oerémis berne. De earste 12 jier hieten se noch Bobbies Blues Band en songen se allinnich Ingelsk. Earst mei koartswilich spul mei klisjees út de rock&roll en de blues: drank, froulju, auto's en ellinde yn it algemien. Letter klaam der mear eigen ynbring yn de lietsjes. It meidwaan oan Liet late ta mear Frysk repertoire en de nije namme Oerémis. Neist rock / rhytm & blues bringe se ek ballades. De CD Gjin Nocht is opnomd yn deselde besetting as de earste Siik Stiif en Mislik dat zijn. Optredens wienen der by Liet '92 ( yn de finale mei Poer ), Liet '94 (Tiid) en Liet '96 (Allinich)
As memoriam foar sjonger/pianist Theo Douma (31 july 1956 - 13 novimber 2011) ha de leden ein 2011 trije fideoklips opnomd en op YouTube setten.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gjin Nocht (2002)
- Siik Stiif en Mislik (1999)
mei oaren:
- Fryslân muzyklân 4 (2003)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Fideoclips op YouTube troch Oerémis: |