Oekraynsk
Oekraynsk | ||
algemien | ||
eigen namme | українська мова | |
lânseigen yn | Oekraïne, Ruslân, Moldaavje, Kazakstan, Wyt-Ruslân, Roemeenje, Poalen. As ymmigrantetalen yn û.o. Kanada, Feriene Steaten en Israel | |
tal sprekkers | 34.605.200[1] | |
skrift | Sirillyske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Yndo-Jeropeesk
| |
taalstatus | ||
offisjele status | offisjele taal yn: Oekraïne, Transnistrje, de Krim | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | uk | |
ISO 639-2 | ukr | |
ISO 639-3 | ukr |
It Oekraynsk (украї́нська мо́ва, [ukrɑˈjı̽nʲsʲkɑ ˈmɔwɑ]), is in frij grutte taal yn Europa, dy't heart ta de East-Slavyske groep binnen de Slavyske talen.
Dizze taal wurdt net allinnich yn de Oekraïne sprutsen, mar ek yn Wyt-Ruslân, Moldaavje, Ruslân en in soad oare lannen. It wurdt krektas it Russysk en it Wyt-Russysk skreaun yn it Syrillysk alfabet, wêrby't it Oekraynsk inkele eigen letters brûkt.
Yn de Oekraïne wurde neist it Oekraynsk ek de talen Russysk, Krimtataarsk, Roemeensk, Hongaarsk, Bulgaarsk, Poalsk, Dútsk, Wyt-Russysk, Slowaaksk, Gryksk, Gagaûzysk en Romany sprutsen.
Yn de súdeastlike helte fan it lân oerhearsket it Russysk, yn de noardwestlike helte it Oekraynsk. Neffens de folkstelling fan 2001 soe 67,87% fan de boargers fan it lân it Oekraynsk as memmetaal sprekke en 29,74% it Russysk.
Yn it tsaristyske Ruslân wie it skriftlike brûken fan it Oekraynsk (dat doe offisjeel bekend stie as it "Lytsrussyske dialekt fan de Russyske taal") ferbean. Under it Sovjetbewâld krige de taal folle mear erkenning, mar bleau yn de praktyk dochs wol eftersteld by it Russysk. Nei de ûnôfhinklikheid fan de Oekraïne (1991) waard it Oekraysk as de ienige offisjele steatstaal erkend, wêrtroch't de posysje fan de taal sterk ferbettere is. Yn de praktyk hat it Russysk noch altiten in tige sterke posysje. Hast 90% fan de befolking fan de Oekraïne hat op syn minst in reedlike behearsking fan beide talen.
Transliteraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De transliteraasje fan Oekraynske nammen nei it Frysk kin sa:
Letter | Transliteraasje |
---|---|
А а | a |
Б б | b |
В в | v |
Г г | h |
Ґ ґ | g |
Д д | d |
Е е | e |
Є є | je |
Ж ж | zj |
З з | z |
И и | y |
І і | i |
Ї ї | ji |
Й й | j |
К к | k |
Л л | l |
М м | m |
Н н | n |
О о | o |
П п | p |
Р р | r |
С с | s |
Т т | t |
У у | û (foar in r better: oe) |
Ф ф | f |
Х х | ch |
Ц ц | ts |
Ч ч | tsj |
Ш ш | sj |
Щ щ | sjtsj |
Ь ь | sjoch noat |
Ю ю | jû (foar in r better: joe) |
Я я | ja |
noat: Ь ь = it sêftteken, dat soarget foar palatalisaasje fan 'e foarôfgeande konsonant; meastal beskôge as in stomme letter, soms werjûn troch in 'j'
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
referinsjes: |
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Oekraynske ferzje. |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ukrainian language fan Wikimedia Commons. |
- Oekraynsk
- Slavyske talen
- Oekraïners
- Taal yn de Oekraïne
- Taal yn Abgaazje
- Taal yn Bosnje
- Taal yn Estlân
- Taal yn Georgje
- Taal yn Hongarije
- Taal yn Kazachstan
- Taal yn Kirgyzje
- Taal yn Kroaasje
- Taal yn Letlân
- Taal yn Litouwen
- Taal yn Moldaavje
- Taal yn Oezbekistan
- Taal yn Poalen
- Taal yn Roemeenje
- Taal yn Ruslân
- Taal yn Servje
- Taal yn Slowakije
- Taal yn Tadzjikistan
- Taal yn Turkmenistan
- Taal yn Wyt-Ruslân