Springe nei ynhâld

Okko I tom Brok

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ocko I tom Brok)

Okko I tom Brok, meastentiids skreaun as Ocko tom Brok (sirka 1345 - † 7 augustus 1391) wie in East-Fryske kriichshear en haadling. Hy wie de soan fan Keno tom Brok.

Okko waard troch de keninginne fan Napels ta "condottiere" (ridder) slein. Yn 1377 boaske hy mei de haadlingedochter Foelke Kampana, dy't troch har wredens "Quade Foelke" (Kweade Foelke) neamd waard.

Yn 1376 kaam Okko oan de macht. Hy behearske op in bepaald stuit sawat oer hiel East-Fryslân en Norderlân. Yn 1379 naam hy Emsigerlân, ten noarden fan Emden, yn syn besit. Letter kaam de Fryske omkriten fan Harlingerlân en Auricherlân dêrby. Hy makke fan syn syn boarch te Aurich it sintrum fan syn hearskippij en de famylje Tom Brok.

Syn buorman Folkmar Allena, de haadling fan Osterhusen, koe er min mei oerwei. Sy krigen grut skeel dat eskalearje soe yn jierrenlange hinne-en-wer gefjochten. Yn dy gefjochten gie it lang om let fûleindich oan ta en der foelen deaden, û.o. yn de slach by Loppersum op de ein 1380 of begjin 1381. Yn 1381 erkent Okko Albrecht fan Beieren, Greve fan Hollân as lienhear. Dat waard troch in protte East-Friezen sjoen as in beheining fan de Fryske frijheid. Okko waard nei in mislearre fredespetear mei syn Folkmar Allena, op de weromreis op 7 augustus 1389, fermoarde troch in slûpmoardner flakby syn boarch. Hy waard opfolge troch syn soan Widzel tom Brok.