Folkmar Allena
Folkmar Allena (* ûnbekend - † 1406) wie in Eastfryske haadling fan kwizekwânsje op de ein fan de 14e iuw. Hy hie syn haadplak yn Osterhusen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As haadling fan Osterhusen stie Folkmar Allena mei syn buorman Okko I tom Brok, haadling fan Brokmerlân en Auricherlân op minne fuot. Hja rekken mei elkoar yn konflikt dat eskalearje soe yn jierrenlange gefjochten oer en wer dêr't deaden by foelen, û.o. yn de slach by Loppersum op de ein 1380 of begjin 1381. Okko wûn de slach en Folkmar ferlear hjirmei in grut part fan syn machtsbasis yn East-Fryslân. Yn de Ommelannen en Westerlauwersk Fryslân socht er nei nije bûnsmaten. As Okko yn 1388 Emden oanfalt mar der lykwols net yn slagget de stêd te oermasterjen falt Folkmar Okko oan op syn boarcht yn Aurich. De oanfal wurdt ôfslein en der folget in staakt-it-fjoeren. In fersoeningspetear tusken beiden mislearet en op 7 augustus 1389 lit Folkmar Okko op de weromreis nei hûs fermoarde troch syn helpers.
Folkmar ferlear syn machtswinst yn de dêrop folgjende jierren wer oan Okko syn widdofrou Foelke Kampana, dy har soan Keno II tom Brok oan de macht bringe woe. In oare soan fan Okko, Widzel út in earder houlik, ferbûn him mei Folkmar Allena doe't hy tsjin Foelke stride moast om de opfolging. Hy ferstoar lykwols yn Detern en Keno II tom Brok waard yn 1399 de nij haadling yn Brokmerlân.
Wylst Keno yn Marienhafe ûnderdak ferline oan de Fiktaaljebruorren die Folkmar yn Osterhusen itselde. De Fiktaaljebruorren wienen op de ein fan de 14e iuw út de Eastsee ferdreaun en koenen op de Noardsee har wurk foarsetten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|