Springe nei ynhâld

Ocean Man Earste Naasje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ocean Man Reservaat 69)
Ocean Man Earste Naasje
Ingelsk Ocean Man First Nation
lânseigen ᑭᐦᒋᑲᒦᐏᔨᐣ (Kihcikamîwiyin)
flagge
algemiene ynformaasje
lân Kanada
provinsje Saskatchewan
haadkertier Stoughton (Saskatchewan)
etnisiteit Assiniboin, Kry, Odjibwe
ledetal 320 (2006)
oprjochting 1988 (weroprjochte)
status erkend
erkenning Kanada
reservaat
reservaat Ocean Man Reservaat 69
Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen
lokaasje súdeastlik Saskatchewan
oerflak 41,3 km²
ynwennertal 51 (2006)
kaart
Ocean Man Earste Naasje (Saskatchewan)
Ocean Man Earste Naasje
Lokaasje yn Saskatchewan.

De Ocean Man Earste Naasje (Ingelsk: Ocean Man First Nation; Kry: ᑭᐦᒋᑲᒦᐏᔨᐣ, Kihcikamîwiyin) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei in eigen reservaat yn it suden fan 'e provinsje Saskatchewan. ("Earste naasje" is in Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestam of -troep.) De stamme bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1988. It haadkertier is fêstige yn Stoughton, yn Saskatchewan.

Neffens gegegevens út 2006 hie de Ocean Man Earste Naasje doe 324 leden. Dat binne etnyske Assiniboin (Assiniboine), in folk dat nau besibbe is oan 'e (Sioux), en fierders Kry (Cree) fan 'e Flakte-Kry-substamme en Odjibwe (Ojibwe) fan 'e Flakte-Odjibwe-substamme. It is wat dreech om 'e stamme neffens etnyske linen op te spjalten mei't der mar frijwat yninoar omtroud is, mar rûchwei is de yndieling sa: 140 Assiniboin, 110 Kry en 70 Odjibwe.

De Ocean Man Earste Naasje hat in eigen reservaat, te witten: it Ocean Man Reservaat 69 (Ocean Man 69 Reserve), dat yn 1992 weroprjochte is. It leit 18 km benoarden Stoughton, en hat in oerflak fan 41,3 km². Fan 'e goed 320 stamleden wennen der yn 2006 51 yn dat reservaat, dêr't op it mêd fan foarsjennings û.m. kantoaren fan 'e stamme-organisaasje, in powwow-terrein, in skoalle, in bernedeiferbliuw, in klinyk en wettersuveringsynstallaasje binne. De pleatslike ekonomy is fierhinne basearre op lânbou, ynkomsten út bûtenreservaatsk wurk en wat oalje- en gasopbringsten. Mei 34 oare stammen út súdlik Saskatchewan en Manitoba dielt de Ocean Man Earste Naasje fierders it Ferdrach Nû. 4 Reservaatgrûnen Yndianereservaat 77 (Treaty No. 4 Reserve Grounds 77 Indian Reserve). De stamme is lid fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes fan Saskatchewan, in yntertribaal gearwurkingsferbân.

Op 9 septimber 1875 sleat opperhaad Kitchi-Kah-Me-Win, waans namme oerset wurde kin as Grutte-Seeman of Oseaanman (Ingelsk: Ocean Man), him oan by it Ferdrach Nû. 4 tusken de Yndiaanske folken fan súdlik Saskatchewan en it Britske koloniale regear fan Kanada. Yn 1882 waard der foar him en syn Yndianetroep benoarden Kisbey in reservaat oprjochte, en de treflike lânboukundige ûntwikkeling dy't de troep dêre trochmakke waard troch de jierren hinne troch in protte waarnimmers opmurken.

Yn 1901 lieten de leden fan 'e troep harren nei jierren fan oantrúnjen der lykwols fan oertsjûgje om har reservaat op te jaan en har by de White Bear Earste Naasjes yn dy har reservaat nei wenjen te setten. Hoewol't dêrby in fergrutting fan it White Bear Earste Naasjes Reservaat 70 ûnthjitten wie, barde dat pas yn 1903, neidat de stammen $1,23 de acre delteld hiene.

Yn 'e santiger jierren fan 'e tweintichste iuw sleepten de ôfstammelingen fan 'e oarspronklike Ocean Man-troep it Kanadeeske regear foar de rjochter oer de ûntnadering fan harren foarâlderlik reservaat sûnder dat dêrfoar finansjele kompinsaasje ûntfongen wie. Uteinlik late dat yn 1988 ta de weroprjochting fan 'e Ocean Man Earste Naasje, en yn 1992 fan harren eigen reservaat. Yn 1997 kaam de Ocean Man Earste Naasje yn Kanada nasjonaal yn it nijs om't it de earste Yndiaanske stamme wie mei in froulik opperhaad en in stamrie dy't inkeld út froulju bestie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: