Oanbidding fan de Hoeders
De Oanbidding fan de Hoeders wurdt beskreaun yn it evangeelje fan Lukas. Nei de berte fan Jezus kundige in ingel oan de hoeders yn de fjilden om Betlehem hinne oan dat harren de Ferlosser berne wie.
Yn de midsieuwen waard it in populêr tema yn de keunst. Earst ferskynden der foarstellings yn de yllustraasjes fan de manuskripten en op de timpanen fan katedralen. Letter is it motyf ek in soad brûkt by it meitsjen fan fresko's en skilderijen. Op in oanbiddingsfoarstelling komme Marije, Joazef en Jezus yn in fuorrebak foar, mei op de eftergrûn fakentiden in okse en/of in esel en oan de kant fan harren in tal hoeders mei harren skiep.
Bibelferhaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]No wiene der yn deselde kontreien hoeders, dy't de nachts bûten bleaune om by har keppel yn it fjild wacht te hâlden. Ynienen stie der in ingel foar haren en himelske gloarje ljochte om har hinne. Hja waarden tige kjel, mar de ingel sei: "Wês net benaud, want ik ha goed nijs foar jimme, grutte bliidskip stiet it hiele folk te wachtsjen. Hjoed is jimme Ferlosser berne, Kristus de Hear, yn de stêd fan David. En hjir ha jimme in teken: jim sille yn in krêbe in lyts berntsje fine, yn doeken bewuolle". En ynienen wie der by dy ingel in grut himelsk leger, dat God's lof song mei de wurden: "Eare oan God yn 'e heechste himel, en frede op ierde, no't God yn minsken wolbehagen hat". Doe't de ingels by harren wei gien wiene, seine de hoeders tsjin inoar: "Kom, lit ús nei Betlehem ta gean en ris sjen, wat dat is, dat de Heare ús te witten dien hat". Hja makken oan om dêr te kommen en fûnen Marije, Joazef en it berntsje, dat yn in krêbe lei. Doe't se it sjoen hienen, brochten se oer, wat harren fan dat jonkje sein wie.[1]
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst it by Mattéus wizen (magiërs of stjerrekundigen) út it easten wiene dy't it Kristusbern huldigen (yn de oerlevering letter ek keningen), lit Lukas dêrfoaroer ienfâldich folk nei Kristus tsjen. Mei oare wurden: it Kristusbern is der foar alle minsken kommen en hat oan elts, heech of leech, wat oan te bieden. Dêrnjonken omfiemet de "Oanbidding fan de Hoeders" yn tsjinstelling ta de "Oanbidding fan de Keningen" ek idyllyske en lannelike eleminten, dy't fakentiden yn de skilderkeunst binne ôfbylde.
Foarstellings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste foarstellings fan de hoeders út it krystferhaal yn de kristlike keunst binne te finen yn de yllustraasjes fan de manuskripten (lykas yn de Hortus Deliciarum) en op timpanen fan tsjerken (bygelyks op de katedraal fan Chartres), wêr't it eigentlike tema de berte fan Kristus is en de hoeders allinnich as dekoraasje tafoege binne. Letter waard de Oanbidding fan de Hoeders in selsstannich tema. Oan de oanbidding fan de hoeders gyng de ferkundiging foarôf. De ferkundiging wie fan it begjin ôf oan in selsstannich tema yn de keunst, mar it tema komt minder faak foar.
-
Oanbidding fan de Hoeders (Pieter Fransz. de Grebber, 1633)
-
Oanbidding fan de Hoeders troch Anton Rafael Mengs
-
19e ieuwsk skilderij yn de Église Saint-Maurice fan Mommenheim, Frankryk
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Anbetung der Hirten
|