Springe nei ynhâld

Nyls Korstanje

Ut Wikipedy
Nyls Korstanje
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nyls Korstanje
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 5 febrewaris 1999
berteplak Snits
lingte 1.88 m
gewicht 76 kg
sportive ynformaasje
sport Swimmen
ûnderdiel Frije Slach,
Flinterslach
O.S. Tokyo 2020
Parys 2024
debút 2016
wichtige prestaasjes
1x goud WK 2020
2x sulver WK 2016, 2024
3x brûns WK 2023
2x goud EK 2017, 2022
3x sulver EK 2018, 2019, 2020
offisjele webside
Webstee Nyls Korstanje

Nyls Korstanje (Snits, 5 febrewaris 1999) is in Nederlânsk swimmer.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Korstanje wûn in gouden medalje op de 50 meter frije slach en in sulveren medalje op de 100 meter frije slach by it Europeesk Jeugd Olympysk Festival 2015 yn it Georgyske Tbilisi.

Op de Iepen Nederlânske kampioenskippen koartebaanswimmen 2015 swom er de limyt foar de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2015 op de 50 meter frije slach. Dizze limyttiid wie bedoeld foar swimmers dy't uterlik yn 1997 berne binne. Uteinlik mocht Korstanje net dielnimme neffens de regeljouwing fan de LEN.[1]

Yn 2017 swom Korstanje de EK limyt foar de 50- en 100 meter frije slach op de Swim Cup Amsterdam. Op beide ôfstannen mocht er útkomme op de EK koartebaan yn it Deenske Kopenhagen. Yn Augustus 2023 swom er it limyt foar de 100 meter frije slach op de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Korstanje helle syn VWO-diploma yn Nederlân en studearre dêrnei oan it Amerikaanske North Carolina State University yn Raleigh dêr't er ek útkaam foar it studinte swim ploech wêrmei't er in studintekampioenskipstitel behelle en syn BA Sc yn materiaalwittenskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: