Springe nei ynhâld

North American T-6 Texan

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan North American AT-16 Harvard)
North American T-6 Texan/Harvard


Rol Lesfleanmasine
Makker North American Aviation
Untwerper
Earste flecht 1 april 1935
Yn tsjinst 1939
Ut tsjinst 1985 (Brazyjaanske Loftmacht)
Tal makke 15.495 (1939-1944)
Grutste brûkers United States Army Air Forces, United States Navy, Royal Air Force, Súd-Afrikaanske Loftmacht
Fariant North American A-27

De North American T-6 Texan, bûten de Feriene Steaten bekend as de Harvard, is in lesfleanmasine makke troch it Amerikaansk bedriuw North American Aviation.

De Harvard waard ûntwurpen yn de jierren 30 fan de 20e iuw en waard brûkt yn de Twadde Wrâldoarloch en oant yn de jierren 70. De Texan wie it earste trainingsfleantúch dat hielendal fan metaal makke wie en hie boppedat in lâningsgestel dat inlutsen wurde koe. De measte trainingsfleantugen wiene doetiids noch twadekkers, bygelyks de Tiger Moth, de Stearman Kaydet en de Belgyske Stampe en Vertongen SV 4.

Foar Nederlân hat de Harvard tsjinne by de Keninklike Loftmacht, Marine Loftfeartstsjinst en de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger (nei WKII). Teminsten 58 lannen hat de Harvard by tsjinne.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tekening fan de T-6/SNJ
  • Langte: 8,80 m
  • Spanwiidte: 12,8 m
  • Startmassa: 2540 kilo
  • Motor: Pratt & Whitney R-1340 stjermotor fan 600 hk
  • Topfaasje: 340 km/o
  • Klimfermogen: 6,1 m/s
  • Fleanberik: 1.175 km
  • Plafond: 7.400 m
  • Bewapening: normaal gjin. Foarsjennings foar 3× 0.30 inch (7.62 mm) masinegewearen