Springe nei ynhâld

Boeing-Stearman Model 75

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stearman Kaydet)
Boeing-Stearman Model 75/Kaydet


Rol Lesfleanmasine, sportfleantúch
Makker Stearman Aircraft/Boeing
Untwerper Harold Zipp en Jack Clark
Earste flecht 29 novimber 1934
Yn tsjinst 1936
Ut tsjinst
Tal makke > 10.620 (1936 oant 1944)
Brûkers
Farianten
NS-1's fan US Navy, 1936

De Boeing-Stearman Model 75, ek bekend as Boeing Stearman of (Stearman) Kaydet, is in Amerikaanske twapersoans twadekker lesfleanmasine. Yn de jierren tritich en fjirtich fan de 20e iuw waarden der skraachwurk 10.000 fan makke. De Stearman Kaydet waard boud troch de Stearman Aircraft Corporation dy't yn 1934 in dochterûndernimming fan Boeing waard.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard it tastel troch de United States Air Force as lesfleantúch brûkt. Nei de oarloch waarden de Stearmans sportfleantúch of omboud ta sproeifleantúch foar it bestriden fan ûngedierte en ûntúch yn de lânbou.

Technyske spesifikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tekening fan de N2S/PT-13.
Feiten
Bemanning Twa (learling en ynstrukteur)
Spanwiidte 9,8 m
Langte 7,63 m
Hichte 2,8 m
Oarspronlike motor Ien Continental R-670 sânsilinder, luchtkuolle radiaalmotor fan 164 kW (220 hk)
Leechgewicht 880 kg
Maks. startgewicht 1230 kg
Topfaasje 200 km/o
Krúsfaasje 155 km/0
Klimfaasje nei 3.330 m yn 17,3 min
Fleanberik 480 km
Plafond 4.024 m

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]