Normandysk
It Normandysk (Normaund, Normand, Nouormand) is in Romaanske taal, dy't sprutsen wurdt yn Normandje. De taal jildt as in Frânsk dialekt, mar wykt in protte ôf fan de Frânske standerttaal. Dialekten fan it Normandysk (Jèrriais, Dgèrnésiais en Sercquiais) wurde sprutsen op de Kanaaleilannen.
Op Jersey wurdt it troch de regearing fan it eilân erkend, mar is it net de offisjele taal. Dêrfoaroer wurdt de taal befoardere yn it ûnderwiis en is in programma opsteld om it brûkn fan de taal te stimulearjen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Normandysk hat hiel bot beynfloede west troch it Aldnoarsk, de memmetaalfan de Noarmannen. It wie de memmetaal fan Willem de Oermasterder en it wie dan ek dit Frânsk, en net it dialekt fan Parys, dat de taal fan de Ingelske elite waard yn de Midsiuwen. Tûzenen Romaanske wurden yn it Ingelsk komme fral út it Normandysk.
Skaaimerken en besibbens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Normandysk yn it noarden slút oan by it Pikardysk, yn it súdwesten by it Gallo en yn it súdeasten by it Frânsk. It wurdt yn in noardlik en súdlik diel splitst troch de ligne Joret. Dizze markearret it ferskil tusken tchièn ("hûn") yn it noarden en kièn yn it suden. De taal wurdt karakterisearre troch in grut tal fokaalferoarings.