Nooitgedagt

Ut Wikipedy
De efterside en skoarstien fan Nooitgedagt yn 2014
Nooitgedagt (1916)

Nooitgedagt is in earder fabryk yn Drylts dy't benammen bekend wurden is troch syn redens, dy't feitlik in byprodykt wiene. Houtbewurkingsark wie de wichtichste produktline, en tsientallen jierren lang is der ek houten boartersguod makke. De firma wie yn earder tiden de grutste wurkjouwer fan de stêd. It fabryk stie yn it sintrum. Foar in útwreiding is destiids in streekje huzen sloopt. Nei 1975 waard der allinnich noch ark makke.

It fabryk kaam fuort út it souderwurkplak dêr't Jan Jarings Nooitgedagt yn 1865 begûn mei redens en skaven te meitsjen. Mei it earste personiel, de souderjonges, waard de produksje útwreide. Dêrnei waard it neistlizzende pân, en letter mear ûnreplik guod oankocht om oan de fraach te foldwaan. Mear as hûndert jier, oant ein jierren '90 bleau Nooitgedagt in famyljebedriuw. Yn 1975 waard de produksje fan boartersguod beëinige en inkele jierren letter ek dy fan redens.

Nooitgedagt is benammen bekend wurden troch syn houtsjes (tradisjonele redens) en it diels houten ark. Oant sirka 1990 wie it in drokte fan komsa yn it sintrum fan Drylts. De firma hie sels in spoarlyntsje oanlein oer de dyk, om sa ferbining te hawwen mei de foaroer lizzende oplslachloadsen (drûchloadsen) foar hout. De opslachloadsen leinen ek yn it sintrum, oan de oare kant fan de grêft.

Om 1990 waard dúdlik dat Nooitgedagt net op de besteande lokaasje bestean bliuwe koe en wykte út nei in nij gebou op it yndustryterrein. It nije fabryk waard iepene troch Prinses Margriet, dy't in mânske beitel ûntbleate. It mocht lykwols net helpe. Oan it begjin fan de 21e iuw waard Nooitgedagt oernomd (mei behâld fan namme) en waard in fêstiging fan in bûtenlânsk bedriuw. Inkele jierren letter sluet it memmebedriuw de fêstiging en sa is de namme Nooitgedagt allinnich noch mar yn it ûnthâld yn Drylts. Der wurdt wol sein dat de Nooitgedagt allinnich oernomd waard sadat it bedriuw in flinke subsydzje binnenhelje koe.

Fabryksgebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It haadgebou, ien fan de earste gebouwen yn Nederlân dy't hielendal fan beton makke binne, in markant gebou yn it sintrum fan de stêd is sloopt.
  • It ienige oerbleaune oarspronklike fabryksgebou is renovearre en omboud ta kantoarienheden. Ek sit yn ien fan de units it Sjoch - sintrum Nooitgedagt Drylts, dit sjochsintrum is alle dagen iepen foar besikers, hjir wurdt in byld jûn fan de produkten fan Nooitgedagt IJlst.
  • Loadsen (sloopt)
  • Skoarstien (dize stiet der noch altiten en wurdt restaurearre, mei omt dizze al jierren it oansjen fan Drylts bepaalt.)
  • Pakhuzen (foar it fabryk oer, stiene direkt oan de grêft, en binne sloopt.
  • Houten drûchloadsen, stienen op in grut terrein efter de pakhuzen, wienen makke om hout drûgje te litten en op te slaan.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Der is sa'n 10 jier diskusearre oer de ynfolling fan it terrein, net allinnich troch boargers, mar ek troch de polityk. Yn dy tsien jier is der neat mei it fabryk dien.
  • Op de terreinen steane no meast nijbou-wenningen. De measte Drylsters fine se net moai, omdat se net goed oanslute op de âlde rige huzen oan de grêft. Op it steed fan it âlde haadgebou foar it âlde Nooitgedagt fabryk komme ek 5 wenningen. In soad minsken fine dat it sa bliuwe moat omdat der no in moaiútsjoch is op it âlde fabryk, mar de gemeente wol dat der wenningen komme. Wyls is mei de bou begûn.
  • 22 april 2006 is der in sjochsintrum iepene yn Drylts mei Nooitgedagt-ark, boartersguod en redens: Sintrum Nooitgedagt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: