Springe nei ynhâld

Noard Sentinel Eilân

Ut Wikipedy
In kaart fan de Andaman Eilannen. It eilantsje yn it read is it Noard Sentinel Eilân.

Noard Sentinel Eilân is in eilân yn de Baai fan Bengalen. It eilân heat ta de Andaman Eilannegroep, in groep eilannen dy’t grûngebiet binne fan Ynje. It leit wat isolearre fan oare eilannen, westlik fan it súdlikste puntsje fan it Súd Andaman Eilân.

It eilân leit mids gefaarlike kliffen. It eilân is begroeid mei tropyske fegetaasje en is reedlik plat. It heechste punt fan it eilân leit likernôch 48 meter boppe de seespegel. Noard Sentinel Eilân hat in oerflak fan likernôch 72 kante kilometer.

It eilân wurdt bewenne troch in ynhiemske stam, de Sentinelezen. It tal ynwenners fan it eilân wurdt rûsd tusken de 50 en 400 minsken. De Yndyske populaasjetelling, dy't fan in ôfstân plak fûn, fan 2001 levere 18 froulju en 21 manlju op. DNA ûndersyk mei oare stammen fan Andaman eilannen wize oan dat de Sentinelske beskaving ien fan de âldste beskavings op de wrâld wêze moatte. Skattings rinne ta 70.000 jier werom yn de tiid.

De bewenners fan it eilân slaan elts kontakt mei de bûtenwrâld ôf, se hearre ta ien fan de lêste folken op de wrâld dy’t nea yn kontakt west binne mei de hjoeddeiske beskaving. It lokale bestjoer dy't oer it eilân giet hat bekend makke gjin yntinsjes te ha om har te bemoeien mei de Sentinelske libbensstyl en omkriten.

Mei de tsûnamy fan desimber 2004 is it eilân swier skansearre. Dat, yn elts gefal in part, fan de befolking dizze tsûnamy oerlibbe ha waard befêstige neidat inkele dagen nei de tsûnamy in helikopter fan de Yndyske oerheid oer it eilân hinne fleach. De helikopter sêgen in pear ynwenners fan it eilân dy’t de helikopter mei pylken fuort probearre te jeien.

In foto fan de NASA fan Noard Sentinel Eilân út 2003.

It eilân wurdt foar it earst neamd troch in Ingelske warnimmer, John Ritchi. Hy skriuwt yn 1771 dat der op Noard Sentinel Eilân befolking wêze moat. Hy makket dit op út talrike ljochten dy’t oan de kust te sjen binne. Mear as in iuw letter, yn 1880, besiket M.V. Portsman om it eilân te betreden. Hy is de earste minske út Jeropa dy’t op it eilân komt. Hy nimt inkele Sentinelesen mei, dy’t snel siik wurde en stjerre. Se ha gjin lichaamlike ôfwar tsjin de westerske sykten. Healwei de santiger jierren fan de 19e iuw, yn 1974, wol de Eastenriker Heinrich Harrer yn kontakt komme mei de befolking fan it eilân. Dit slagget net. Hy wurdt mei pylk en bôge fan it eilân ferdreaun. Sûnt inkele jierren is it ferbean om it eilân te betreden. De Yndyske marine en plysje hâldt hjirop kontrôle.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]