Springe nei ynhâld

Njoggentjinde Wyk

Ut Wikipedy

De Njoggentjinde Wyk is in wyk yn de gemeente It Hearrenfean. De feart leit tusken Jobbegea en Donkerbroek en rint fan súdeast nei noardwest nei de Skoatterlânske Kompanjonsfeart súdeast fan Weinterpferlaat. De wyk rint bylâns de 18e en de 20e Wyk.

In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.

De namme Njoggentjinde Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme 19e Wijk.