Springe nei ynhâld

Nilov-kleaster

Ut Wikipedy
Nilov-kleaster

Нилова пустынь

Lokaasje
lân Ruslân
Oblast Tver
plak Ostasjkov
koördinaten 57° 14' N 33° 03' E
Kleastergegevens
oprjochting 1594
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 691621273360006
Webside
nilostolobenskaja-pustyn.ru
Kaart
Nilov-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Nilov-kleaster

It Nilov-kleaster (Russysk: Нило-Столобенская пустынь; transl.: Nilo-Stolobenskaja Pûstyn) is in otterdoks kleaster yn it Russyske bisdom Tver. It kleaster leit op in eilân yn 'e Seligermar, 300 km. noardwestlik fan Moskou.

Nilus fan Stolobny

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Houten byld fan Nilus fan Stolobny, 18e iuw.

Nil Stolobenski waard tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw berne as in soan fan in boerefamylje yn 'e omkriten fan Veliki Novgorod. Nei de dea fan syn âlden socht er plak yn it Krypetski-kleaster by Pskov en die dêr syn monastike geloften ûnder de namme fan Nilus, ta eare fan Nilus fan Sinaï. Yn 1515 ferliet hy it kleaster, kapte yn 'e wyldernis in stik bosk en boude him in ûnderkommen. Dêr libbe de muonts yn folsleine ôfsûndering. Hy iet gers en ikels en brocht fierder de tiid troch mei gebed. Stadichoan rekke de hearremyt bekend by de ynwenners fan inkelde doarpen yn 'e omkriten en de muonts krige mear en mear besite fan minsken dy't him om help fregen. Dit begûn in lêst te wurden foar de muonts en nei 13 jier ferliet er it plak en ferhuze nei in lokaasje op it eilân Stolobny yn 'e Seligermar en boude himsels dêr in hut en in kapel.

De muonts libbe 27 jier op it eilân en foar syn dea liet er witte dat op dat plak in kleaster komme moast. Fan 'e muonts wurdt sein dat hy nea yn in horizontale steat lein hat en mei help fan touwen en heakken oan 'e rotsen slepte de muonts sels fertikaal. Nilus stoar yn 1555 en waard op it eilân beïerdige .

Mei de tastimming fan patriarch Job waard dêr yn 1594 in kleaster stifte. En sa begûn de skiednis fan it kleaster op it eilân yn 'e Seligermar.

Skiednis fan it kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It kleaster yn de 19e iuw.

It kleaster ûntwikkele him ta ien fan 'e grutste, rykste en meast respektearre kleasters fan it Russyske Ryk. Yn 'e 18e en 19e iuw waarden de measte kleastergebouwen troch nijbou yn klassisistyske styl ferfongen. Oant foar de revolúsje besochten alle jierren wer tûzenen pylgers it kleaster en yn 1828 kaam sels tsaar Aleksander I nei it eilân. Oan it begjin fan 'e 20e iuw wennen hjir permanint 1.000 minsken en hie it kleaster sels in eigen sikehûs.

It kleaster yn 1910 (Sergej Prokûdin-Gorski).

Nei de revolúsje waarden yn 1919 alle weardefolle saken fan it kleaster troch de nije autoriteiten konfiskearre. Tidens de lanlike kampanje tsjin de Russysk-Otterdokske Tsjerke om de reliken te iepenjen waarden de oerbliuwsels fan 'e hillige Nilus as tentoanstellingsmaterjaal meinaam nei it museum fan Ostasjkov, dat yn it eardere Kleaster fan de Mem-Gods-fan-it-Teken ûnderbrocht wie.

Oant 1927 bleau it kleaster noch operatyf, mar dêrnei waard it sletten. Tsjin it ein fan 'e jierren 1980 wie in belangryk diel fan 'e kleastergebouwen ferlern gien of yn tige earmoedige steat. Yn 'e trijeënsechtich jier nei de ûnteigening krige it oant de oerdracht oan it bisdom Tver de folgjende bestimmings:

  • 1927-1939 - wurkkamp, in finzenis foar jonge delinwinten;
  • 1939-1940 - in konsintraasjekamp foar Poalske yntelliginsia en ofsieren;
  • 1941-1945 - in lazaret;
  • 1945-1960 - in opfang foar minderjierrigen;
  • 1960-1971 - in ferpleechynrjochting;
  • 1971-1990 - in herberch foar toeristen.

Yn 1990 waard it kompleks wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Yn 1995 krige it kleaster de reliken werom fan Sint-Nilus.

  • Epifanykatedraal, begjin fan 'e bou yn 1671, foltôge yn 1833. Oant 1919 waarden yn 'e katedraal de reliken fan 'e hillige Nilus bewarre. Yn 1995 kearden de reliken werom nei it kleaster. Fan 'e oarspronklike beskildering fan it ynterieur binne allinnich fragminten bewarre bleaun.
  • De Alderheljentsjerke (1723) wie ien fan 'e âldste gebouwen fan it kleaster, sûnt 1823 waard de tsjerke as hospitaal brûkt. Fan 'e oarspronklike bou is net folle oerbleaun.
  • De Jehannes de Dopertsjerke (1781) waard yn 'e lette jierren 1930 op 'e fûneminten nei folslein ferneatige.
  • Ek de Sint-Nilustsjerke (1855) is om 1937 hinne ferwôastge.
  • De Poartetsjerke fan 'e Apostels Petrus en Paulus (1764) is bewarre bleaun.
  • In eintsje ôfsidich fan it kleaster stiet de barokke Tsjerke fan de Ferheffing fan it Hillich Krús (1784-1788).
  • De Tsjerke fan de Aartsingel Michael (1823) waard yn 'e jierren 1930 ferneatige.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Нило-Столобенская пустынь