Nikolaastsjerke (Himmelum)
Nikolaastsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Himmelum | |
adres | De Klaster 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1896 (toer), 1816 (tsjerke) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 21482 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN Himmelum |
De Nikolaastsjerke is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente yn Himmelum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Himmelum stie ien fan de earste nonnekleasters fan Fryslân. Al yn 1180 wurdt Himmelum yn dokuminten neamt. It benediktynske Nikolaaskleaster waard fanút Starum stifte.[2][3]
It kleaster waard mei de reformaasje ferneatige, mar de protestanten namen de kleastertsjerke oer foar harren earetsjinst. Yn 1668 waard de midsiuwske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou. Yn 1816 fûn der in yngripende útwreiding plak troch it skip oan it ein fan in transept te foarsjen. De toer waard yn 1896 fernijd.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It mechanyske oerwurk fan de toer stamt út it earste fearn fan de 20e iuw en waard makke troch J.H. Addicks en Zoon, Amsterdam.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke stiet in oargel fan Van Dam út Ljouwert. It twamanualige oargel datearret út 1843 en is ferdield yn in haadwurk en boppewurk. De bou fan it oargel waard mooglik makke troch Gerard Regnier Gerlacius van Swinderen en syn frou Constantia Johanna barones Rengers.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|