Nikolaas-Oegresja Kleaster
Nikolaas-Oegresja Kleaster
Николо-Угрешский монастырь | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | Benammen 19e, weropbou en rekonstruksjes ein 20e iuw, begjin 21e iuw | |
sloopjier | Yn de 20e iuw binne ûnder kommunistysk rezjym in soad gebouwen ôfbrutsen | |
arsjitekt | Pseudo-russyske styl | |
webside | ugresha.org |
It Nikolaas-Oegresja Kleaster (Russysk: Николо-Угрешский монастырь) is in stauropegiaal otterdoksk kleaster foar manjlu yn de Russyske stêd Dzerzjinki (Moskou oblast).
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Neffens de oerlevering waard it kleaster yn 1380 stifte troch grutfoarst Dmitri Donskoj. De otterdokske tradysje wol ha dat Donskoj him op it plak fan it kleaster ophold foar't er op it slachfjild fan Koelikovo de troepen fan de Goude Horde fersloech. Foar de slach soe Donskoj ûnder it gebed it ikoan fan de hillige Nikolaas sjoen ha. Oertsjûge fan de oerwinning soe hy doe oegresja roppen ha, wat safolle sizze wol as "dit set myn hert yn 'e lôge". Nei de oerwinning kaam Donskoj werom en joech opdracht om op itselde plak in kleaster te bouwen, dat as patroanhillige Nikolaas krige. Dat sil doe bestien ha út in samling houten gebouwen, sa't dat dêr doe wênst wie. De houten Nikolaaskatedral waard oan it begjin fan de 14e iuw ferfongen troch in stiennen tsjerke.
It kleaster waard yn 1521 by de oanfal op Moskou troch de troepen fan Mehmed I Girai folslein yn 'e jiske lein. Krekt lykas earder waard it kleaster gaueftich wer renovearre. Mei't de Romanovs oan de macht kamen krige it kleaster gâns oansjen. Benammen tsaar Michael Fjodorovitsj en dêrnei Aleksej Michailovitsj droegen in soad by oan de wolstân en ûntjouwing fan it kleaster yn de 17e iuw. Yn 1680 waard it kleaster troch de noch jonge tsaar Peter I besocht. Nei it delslaan fan de opstân fan de Streltsy waard it Oegresjkikleastser ien fan de plakken dêr't de rebellen finzen setten waarden.
Yn 1812 waard it kleaster oanfallen troch Napoleon's troepen. It kleaster waard doe foar in skoft beset troch in Frânsk detasjemint.
It gyng it kleaster net altiten foar de wyn. Yn 1833 wennen der net in soad muontsen mear yn it kleaster en der wie sels praat om it mar op te heffen. Nei in reorganisaasje fan it kleaster en in strikte ynfiering fan it monastike statút ûnder archimandryt Hilaris, dy't yn 1934 rektor fan it kleaster waard, ferbettere sawol de spirituele as de finansjele sitewaasje fan it slim fertutearzge kleaster stadichoan. It kleaster stie doe foar in nije bloei en it waard wer ien fan de meast respektearre kleasters fan it Keizerryk. Tal fan nije gebouwen waarden boud. Tusken 1841 en 1843 waard de Nikolaaskatedraal neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Dmitri Borisov ferboud en yn 1880 waard de earste stien lein foar de bou fan de nije Transfiguraasjekatedraal, dy't yn 1894 yn gebrûk nommen waard.
De lêste archimandryt fan it kleaster foar de delgong yn de bolsjewistyske tiid wie Makarius. Under syn bestjoer telde it kleaster mear as 150 bruorren. Dat tal begûn te sakjen doe't fanwegen it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich in soad novisen yn tsjinst moasten.
Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei de revolúsje krige it kleaster te meitsjen mei de anty-religieuze polityk fan de bolsjewiken. Op 4 augustus 1918 waard Makarius arrestearre en finzen set op beskuldiging fan kontrarevolúsje. Nei ferhoar troch de Tsjeka waard de archimandryt wer frij litten op betingst dat er it kleaster net ferlitte soe. Regelmjittich brochten fertsjintwurdigers fan de nije oerheid in besite oan it kleaster om de geastlikheid te misledigjen en fernederjen. Om it kleaster foar opheffing te behoedzjen, liet Makarius it kleaster yn 1919 formeel feroarje yn in wurkmienskip. Op dat stuit telde de kleastermienskip noch mar fjirtich muontsen.
Sa bleau it kleaster oant 1925 as in kleaster funksionearjen, ek al hie it Folkskommisariaat fan Finânsjes yntusken al in bernekoloanje yn de kleastergebouwen ûnderbrocht. Wol hiene de bolsjewiken mei geweld yn 1922 de tsjerklike wearden konfiskearre en ek de archimandryt op 'e nij arrestearre. Yn 1925 folge de sluting fan alle tsjerken, útsein de Petrus- en Paulustsjerke dy't noch in jier langer iepen bleau en dêrnei ek sletten waard. Sûnt dy tiid rekke Makarius slim siik. Hy ferstoar yn 1928 yn in doarp tichteby it kleaster. Syn begraffenis waard temûk holden en syn lêste rêstplak bleau geheim om it skeinen fan it grêf troch de ateïsten te foarkommen. Yn 2005 is it stoflik omskot fan de abt opgroeven en op 'e nij begroeven op it begraafplak fan it kleaster.
Yn 1924 waard de "Reade Bernestêd" op it kleasterterrein iepene. Dêrûnder foelen fjouwer weeshûzen. Sa'n 1300 dakleaze bern waarden nei it eardere kleaster deportearre en alle gebouwen kamen yn hannen fan de kommune. Op ynisjatyf fan Feliks Dzerzjinski waard de yn de kleastergebouwen fêstige koloanje yn 1936 ta in wurkkommune omfoarme. Alle tsjerken fan it eardere kleaster waarden foar it de nije bestimming fernield of ferneatige. Yn 1940 waard de 16e iuwske Nikolaaskatedraal sloopt en oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard de boppeferdjipping fan de klokketoer ôfbrusten.
Nei de Twadde Wrâldkriich kaam der mear each foar de monumintale wearde fan it kompleks en sûnt de jierren 1970 waard der stadichoan in begjin makke mei de restauraasje, mar it bleau by de Palestynske Muorre. Yn it kleaster wie in sikenhûs foar pasjinten mei geslachts- en hûdsykten. Guon gebouwen waarden ek as wenhûzen brûkt. En fierder waarden de gebouwen brûkt as skoalle, rekreaasje- en opslachromten.
Nei 1990[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It ferrinnewearre en ferwoastge kleaster waard yn 1990 werom jûn oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke. Noch yn itselde jier waard der foar it earst wer, op 19 desimber, in Godlike Liturgy opdroegen. Stadichoan ferlieten alle net-religieuze organisaasjes it kompleks. Yn 1992 krige it kleaster de status fan in stauropegiaal kleaster. Yn de jierren dêrnei waarden de gebouwen wer renovearre en rekonstruearre. Sûnt 1998 is der ek in seminary. Ek binne der twa musea te finen yn it kleaster: ien museum is wijd ta oantinken fan tsaar Nikolaas II en yn it oare museum is in kolleksje tsjerklike keunst ûnderbrocht.
Tsjerken [1][bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Оптина пустынь
|