Nije Fjoertoer (Boarkum)
Appearance
De Nije Fjoertoer (Dútsk: Große Leuchtturm en Neuer Leuchtturm) fan Boarkum is in noch funksjonearjende fjoertoer op it Eastfryske waadeilân Boarkum.
De toer stiet op de westkant fan it eilân, midden yn it stedsje Boarkum. It 60,2 meter hege gebou is middels in trep fan 308 trees te beklimmen. De earste stien waard lein yn 1879.
De fjoertoer is nachts te ûnderskieden fan oaren troch syn ljochtskaaimerk fan trije kear twa strielen ljocht. De toer wurdt sûnt 2004 ferljochte mei in OSRAM 400 Watt halogeen-metaalgaslampe.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nije Fjoertoer fan Wikimedia Commons. |