Nije Feart (wetter by Langsweagen)
Appearance
De Nije Feart is in feart oan de eastkant fan Langsweagen yn de gemeente Opsterlân.
De feart rint fan de Hege Dyk noardeast fan Langsweagen nei it noarden. Dêrnei rint de feart tusken de polders De Plasse en De Finnen troch yn de rjochting fan Terwispel. In lytse kilometer foar de Koaibosk (N392) bûcht de feart ôf nei De Gordyk en hjit dan Klidzerak.
De namme Nije Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Nieuwe Vaart.
Nije Feart is ek de namme fan in buorskip oan de noardkant fan Langsweagen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|