Springe nei ynhâld

Nieuwe Atlas van de Provincie Friesland

Ut Wikipedy

De Nieuwe Atlas van de Provincie Friesland is in atlas fan Fryslân troch Wopke Eekhoff fan 1849 - 1859. De atlas, dy't makke is op lêst fan Provinsjale Steaten fan Fryslân, omfiemet kaarten fan alle stêden en gritenijen. Om't de measte kaarten persys ien gritenij op ien blêd hawwe, is der net ien fêste skaal foar de hiele atlas.

Boarne foar de atlas wienen de kadasterkaarten, oanfolle mei nije waarnimmings. De atlas is 1970 werprinte troch útjouwerij Kruseman.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • By Tresoar is in digitale ferzje fan dizze atlas te finen.