Springe nei ynhâld

Nieblum

Ut Wikipedy
Nieblum / Njiblem
Lokaasje gemeente Nieblum yn Noard-Fryslân.
Lokaasje gemeente Nieblum yn Noard-Fryslân.
Symboal
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisNoard-Fryslân
AmtFöhr-Amrum
Sifers
Ynwennertal542 (31.12.2024)[1]
Oerflak7,86 km²
Befolkingsticht.69 ynw./km²
Hichte4 m
Oar
Postkoade25938
Offisjele webside
nieblum.de
Kaart
Nieblum (Sleeswyk-Holstein)
Nieblum

Nieblum (Noardfrysk: Njiblem; Deensk: Niblum) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente leit oan 'e súdkust fan it eilân Föhr yn it amt Föhr-Amrum en telt 542 ynwenners (2024).

In soad fan 'e âlde Fryske huzen fan Nieblum wiene eartiids fan kapteins dy't harren jild fertsjinnen as seefarder, faak yn 'e Nederlânske walfiskfeart. Dat wie swier en gefaarlik wurk, dêr't in soad fan harren net mear libben fan thús kamen. Tsjûgen dêrfan binne de grêfstiennen op it tsjerkhôf.

It súdlike part fan Nieblum en ek it doarp Goting hearden oarspronklik by in keninklike enklave fan Denemark, dy't oant 1864 bestie. It noardlike part fan it doarp Nieblum hearde dêrfoaroer by Osterland Föhr en foel dêrmei ûnder it hartochdom Sleeswyk. Yn 1970 waard de oant doe ta selsstannige gemeente Goting by Nieblum foege.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Friesendom.

It wichtichste monumint fan Nieblum is de Sint-Jehannestsjerke mei syn tsjerkhôf en de "pratende grêfstiennen", dy't net allinnich in namme en in datum sjen litte, mar it libbensferhaal fan 'e ferstoarne fertelle. De grutte 13e-iuwske krústsjerke wurdt ek wol Friesendom neamd en is de grutste fan de trije eilântsjerken.

Dêrnjonken is Nieblum in doarp mei in soad reiddutsen Fryske huzen, strjitten fan bernkopkes en in soad leafbeammen. Al yn 'e 18e iuw waard Nieblum neamd as in bûtengewoan moai plak, en yn 1979 waard it doarp útkeazen ta it moaiste doarp fan 'e Bûnsrepublyk Dútslân.

Súdlik fan Nieblum stiet de fjoertoer fan Nieblum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stêden en gemeenten yn 'e Kreis Noard-Fryslân
Achtrup · Ahrenshöft · Ahrenviöl · Ahrenviölfeld · Alkersum · Almdorf · Arlewatt · Aventoft · Bargum · Behrendorf · Bohmstedt · Bondelum · Bordelum · Borgsum · Bosbüll · Braderup · Bramstedtlund · Bredstedt · Breklum · Dagebüll · Drage · Drelsdorf · Dunsum · Elisabeth-Sophien-Koog · Ellhöft · Emmelsbüll-Horsbüll · Enge-Sande · Fresendelf · Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog · Friedrichstadt · Galmsbüll · Garding · Garding, Kirchspiel · Goldebek · Goldelund · Gröde · Grothusenkoog · Haselund · Hattstedt · Hattstedtermarsch · Högel · Holm · Hooge · Hörnum (Sylt) · Horstedt · Hude · Humptrup · Husum (haadstêd) · Immenstedt · Joldelund · Kampen (Sylt) · Karlum · Katharinenheerd · Klanxbüll · Klixbüll · Koldenbüttel · Kolkerheide · Kotzenbüll · Ladelund · Langeneß · Langenhorn · Leck · Lexgaard · List · Löwenstedt · Lütjenholm · Midlum · Mildstedt · Nebel · Neukirchen · Nieblum · Niebüll · Norddorf auf Amrum · Norderfriedrichskoog · Nordstrand · Norstedt · Ockholm · Oevenum · Oldenswort · Oldersbek · Olderup · Oldsum · Ostenfeld (Husum) · Oster-Ohrstedt · Osterhever · Pellworm · Poppenbüll · Ramstedt · Rantrum · Reußenköge · Risum-Lindholm · Rodenäs · Sankt Peter-Ording · Schwabstedt · Schwesing · Seeth · Simonsberg · Sollwitt · Sönnebüll · Sprakebüll · Stadum · Stedesand · Struckum · Süderende · Süderhöft · Süderlügum · Südermarsch · Sylt · Tating · Tetenbüll · Tinningstedt · Tönning · Tümlauer-Koog · Uelvesbüll · Uphusum · Utersum · Viöl · Vollerwiek · Vollstedt · Welt · Wenningstedt-Braderup (Sylt) · Wester-Ohrstedt · Westerhever · Westre · Winnert · Wisch · Witsum · Wittbek · Wittdün auf Amrum · Witzwort · Wobbenbüll · Wrixum · Wyk auf Föhr
· · Berjocht bewurkje