Nicolas Appert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nicolas Appert

Nicolas Appert (Châlons-en-Champagne (sur-Marne), 17 novimber 1749 - Massy, 1 juny 1841), wie in Frânske sûkerbakker en de útfiner fan it loftticht bewarjen fan iten. Appert waard bekend as de "heit fan it weckproses".

Yn 1800 loofde Napoleon Bonaparte in beleanning út fan 12.000 frank oan dejinge dy't in metoade betocht om iten te bewarjen sadat syn troepen befoarriede wurde koenen as se op fjildtocht wiene. Nei jierren fan eksperimintearjen tsjinne Appert yn 1809 syn útfining yn en wûn de priis. Yn it jier dêrnei publisearre hy syn fining ûnder de namme "L'Art de conserver les substances animales et végétales". Dit wie it earste kôkboek yn syn soarte dat gie oer de moderne wize om iten te bewarjen.

Bouteille à conserve Appert


It hûs fan Appert waard it earste kommersjele ynmaakfabryk yn de wrâld. Appert patintearre syn útfining en begûn in handel om in ferskaat oan fiedsel te bewarjen yn tichte flessen: Dikwannige glêzen flessen waarden fold mei iten as fleis, fûgelte, griente, aaien, molke en foarmakke menu's (neffens boarnen wie syn grutste súkses dat de publisiteit helle in hiel skiep). Der waard wat romte litten tusken de ynhâld fan de flesse om de iepening ôfslute te kinnen mei in koark dy't der stevich ynparse waard mei in skroef. De flesse waard ta beskerming yn kanvas wuolle, wylst se ûnderdompele waard yn sierend wetter om dêrnei hjit makke te wurden yn in troch Appert, ôfhinklik fan de ynhâld fan de flesse, naukeurich fêstleine tiid.

Singelier is dat dit ûngefear 100 jier earder wie foardat Louis Pasteur bewiisde dat baktearjes dea gienen troch ferjitting.

Ta eare fan Appert wurdt ynmeitsjen wol faker "appertisaasje" neamd, dit as ûnderskied mei pasteurisaasje. It earste besykjen fan Appert om fiedsel yn te meitsjen troch dit te sieren gie ten koste fan de smaak fan it ynmaaksel, dit yn tsjinstelling mei it fiedsel dat bewurke waard troch pasteurisaasje dêr't de temperatuer mar 70 °C by is.

De metoade fan Appert wie sa ienfâldich en maklik te dwaan, dat it al gau wrâldwiid dien waard. Yn 1810 patintearre syn lângenoat Pierre Durand (ek bekend ûnder syn Ingelske namme Peter Durand) syn eigen metoade, allinnich diskear yn in blikkene doaze, in modernere manier om iten te bewarjen. Yn 1812 kochten de Ingelsken Donkin en Hall beide patinten en begûnen mei it produsearjen fan ynmakke fiedsel. Minder as tsien jier letter waard it Appert model fan ynmeitsjen yntrodusearre yn de Feriene Steaten. De massaproduksje fan blikgrienten waard pas gewoan oan it begjin fan de 20e ieu.

De stúdzjeferiening fan studinten Libbensmiddeletechnology 'Nicolas Appert' oan Wageningen Universiteit is nei him neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]