Nicola (ierdappel)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Nicola (ein maart)

Nicola is in ierdappelras dat 1964 ûntstie út de krusing Clivia x 6430/1011 en hat yn 1974 kwekersrjocht krigen. De krusing is makke troch Saatzucht Soltau-Bergen yn Dútslân. Nicola kin goed oer drûchte. Yn 1975 is it ras yn de hannel brocht troch 'Handelmij van Rijn b.v.' yn Poeldijk, dy't it as earste slagge in ierdappelras it hiele jier troch yn de supermerk oan te bieden, troch pleatslike produksje kombinearre mei ynfier út û.o. Marokko, Cyprus en Israel.

Nicola is in midsgrutte konsumpsje-ierdappel, mei gielich fleis, langovale knollen en in ljochtgiele skyl. De seane Nicola is in fêste jirpel.

Sykten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It blêd fan Nicola skipet maklik de ierdappelsykte, mar by de knol falt it mei. De knollen krije suver gjin ierdappelrude en nea fysio 1 fan de wartsykte. It ras is frijwat gefoelich foar kringerigheid, middelmjittich oant hast fetber foar de firussykte bladrol, in bytsje foar YN-firus en ûnfetber foar it A-, X- en Yc-firus en wartsykte. Nicola is resistint tsjin biotype A (=Ro1) fan ierdappelwurgens.