Springe nei ynhâld

Nicholas Pocock

Ut Wikipedy
Selsportret
The Defence yn de seeslach op de 13e Prairial fan de HMS Pegasus ôf sjoen
Pocock's skilderij fan de Seeslach by Kopenhagen

Nicholas Pocock (Bristol, 2 maart 1740 - Maidenhead 9 maart 1821) wie in Britsk keunstskilder, ferneamd fan syn detaillearre marines fan seeslaggen yn de gloarjeperioade fan de sylfeart.

Nicholas Pocock wie de soan fan in matroas. Hy keas itselde berop en waard gesachfierder op in keapfardijskip doe't er amper 26 jier wie. Yn syn libben op see waard er in betûft keunstner en makke tekeningen fan skippen en kusten foar syn lochboeken. Syn wurkjouwer, Richard Champion krige yn 1778 finansjele swierrichheden doe't de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch in funeste ynfloed op de trans-Atlantyske hannel krigen hie. Pocock keas foar fêstichheid en lei him folslein op de skilderkeunst ta. Sir Joshua Reynolds trune him yn in brief oan om syn talint fierder te ûntjaan. Dat hie fan gefolgen dat in ier wurk fam him, A View of Redcliff Church from the Sea Banks, yn 1782 yn de Royal Academy of Arts útstald waard.

Hy krige opdracht om in rige skilderijen te meitsjen om de oerwinning fan George Rodney yn de slach by de Saintes yn 1782 te ferivigjen. Yn 1789 ferfear er nei Londen dêr't syn namme hieltyd mear klank krige en syn kunde him fierder útwreide. Samuel Hood wie ûnder de yndruk fan syn wurk en kening George III beneamde him ta marineskilder fan it hof.

Pocock bestege in protte tiid oan ûndersyk nei syn ûnderwerp en prate mei omstanners oer it waar, de wynrjochting, de posysje en de steat fan harren skip. Hy wie derby doe't de seeslach op de 13e Prairial (Ingelsk: Glorious First of June) yn 1794 útfjochte waard, oan board fan it fregat HMS Pegasus.

In 1817 ferfear er fan Londen nei Raymead ûnder Maidenhead om by syn âldste soan Isaäc te wenjen. Dêr kaam er fjouwer jier letter te ferstjerren.

Pocock boaske oan Ann Evans út Bristol yn 1780; sy krigen acht bern.

Twa fan syn pakesizzers, Alfred Downing Fripp en George Arthur Fripp, wiene ek keunstners.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]