Springe nei ynhâld

New adult

Ut Wikipedy
New adult-romans yn in Dútske boekhannel (2023)

New adult (Ingelsk foar "nije folwoeksene" of "nij folwoeksen"), soms ôfkoarte ta NA, is in him noch ûntwikkeljend nij literêr sjenre, dat giet oer protagonisten yn 'e leeftydskategory fan 18 oant en mei 29 jier, en dat him rjochtet op 'e doelgroep fan it lêzerspublyk fan deselde jierren. De term waard foar it earst brûkt yn 2009 troch de Amerikaanske útjouwerij St. Martin's Press. New adult wurdt wol omskreaun as literatuer foar jongfolwoeksenen, yn it Ingelsk young adult neamd, mar dan foar de leeftydsgroep dy't op jongfolwoeksenen folget. Oarsom kin it ek omskreaun wurde as literatuer foar folwoeksenen, mar in bytsje útskaaiend nei en mei eleminten fan literatuer foar jongfolwoeksenen. New adult-literatuer hat sûnt 2018 benammen yn 'e Feriene Steaten gâns oan populariteit wûn, yn 't bysûnder troch de bestsellers fan auteurs dy't harren wurk yn eigen behear útjouwe, lykas Jennifer L. Armentrout, Cora Carmack, Colleen Hoover, Anna Todd en Jamie McGuire.

It new adult-sjenre stie yn 't earstoan bleat oan krityk, mei't guon it beskôgen as in marketingtrúk fan 'e grutte útjouwerijen, wylst oaren útholden dat der gjin lêzerspublyk bestie foar sok wurk. Foarstanners bestrieden dy opfettings lykwols en woene hawwe dat der ferlet wie fan in namme foar wat dat eins al in besteand sjenre wie. Sa neamde útjouwerij HarperCollins it in "handich label om't it âldelju en boekhannels en belangstellende lêzers witte lit wat se fan in boek ferwachtsje kinne." Foarbylden fan new adult-literatuer binne: Wait for You en de Blood and Ash-rige fan Jennifer L. Armentrout; Losing It fan Cora Carmack; Beautiful Disaster fan Jamie McGuire; Slammed fan Colleen Hoover; A Court of Thorns and Roses en Throne of Glass fan Sarah J. Maas; The Impact of You fan Kendall Ryan; en Red, White & Royal Blue fan Casey McQuiston. Yn Nederlân skriuwt û.o. Ryanne Veldkamp soksoarte boeken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.