Neresheim
Appearance
Neresheim | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
lânkring | Ostalbkreis | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 8.075 (2023)[1] | |
Oerflak | 118,51 km² | |
Befolkingsticht. | 68 ynw./km² | |
Hichte | 503 m | |
Oar | ||
Postkoade | 73450 | |
Koördinaten | 48° 45' N 10° 20' E | |
Offisjele webside | ||
www.neresheim.de | ||
Kaart | ||
Neresheim (Swabysk: Näres) is in stêd yn 'e lânkring Ostalbkreis yn it easten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is in toeristysk plak oan 'e foet fan 'e op 'e Ulrichsberg lizzende abdij Neresheim.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neresheim leit tusken Aalen en Nördlingen yn it hert fan it Härtsfeld, in heechflakte yn it eastlike diel fan 'e Schwäbische Alb. Yn en om Neresheim binne ferskillende boanen fan 'e Egau, dy't nei likernôch 40 km by Dillingen yn 'e Donau mûnet.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de kearnstêd Neresheim bestiet de stêd út noch fiif oare Stadtteile:
Stadtteil | Wapen | oerflak/km² | Ynwenners (31 desimber 2022) |
---|---|---|---|
Neresheim (kearnstêd) | 23,87 | 3.548 | |
Dorfmerkingen | 23,45 | 1.035 | |
Elchingen auf dem Härtsfeld | 22,56 | 1.541 | |
Kösingen | 13,36 | 544 | |
Ohmenheim | 22,13 | 1.166 | |
Schweindorf | 13,15 | 262 |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bûten de kearnstêd leit de abdij fan Neresheim mei de troch Balthasar Neuman ûntwurpen barokke kleastertsjerke (1745-1792).
- By Neresheim leit it natoergebiet Zwing, dat it oarspronklike lânskip fan it Härtsfeld sjen lit. Yn 2022 waarden dêr wisinten yntrodusearre.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Neresheim, ferzje 24.05.2024
|