Springe nei ynhâld

Neresheim

Ut Wikipedy
Neresheim
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
lânkring Ostalbkreis
Sifers
Ynwennertal 8.075 (2023)[1]
Oerflak 118,51 km²
Befolkingsticht. 68 ynw./km²
Hichte 503 m
Oar
Postkoade 73450
Koördinaten 48° 45' N 10° 20' E
Offisjele webside
www.neresheim.de
Kaart
Neresheim (Baden-Wuertemberch)
Neresheim

Neresheim (Swabysk: Näres) is in stêd yn 'e lânkring Ostalbkreis yn it easten fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. It is in toeristysk plak oan 'e foet fan 'e op 'e Ulrichsberg lizzende abdij Neresheim.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neresheim leit tusken Aalen en Nördlingen yn it hert fan it Härtsfeld, in heechflakte yn it eastlike diel fan 'e Schwäbische Alb. Yn en om Neresheim binne ferskillende boanen fan 'e Egau, dy't nei likernôch 40 km by Dillingen yn 'e Donau mûnet.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de kearnstêd Neresheim bestiet de stêd út noch fiif oare Stadtteile:

Stadtteil Wapen oerflak/km² Ynwenners
(31 desimber 2022)
Neresheim (kearnstêd) Wappen von Neresheim 23,87 3.548
Dorfmerkingen Wappen von Dorfmerkingen 23,45 1.035
Elchingen auf dem Härtsfeld Wappen von Elchingen 22,56 1.541
Kösingen Wappen von Kösingen 13,36 0.544
Ohmenheim Wappen von Ohmenheim 22,13 1.166
Schweindorf Wappen von Schweindorf 13,15 0.262

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wisint by Neresheim.
  • Bûten de kearnstêd leit de abdij fan Neresheim mei de troch Balthasar Neuman ûntwurpen barokke kleastertsjerke (1745-1792).
  • By Neresheim leit it natoergebiet Zwing, dat it oarspronklike lânskip fan it Härtsfeld sjen lit. Yn 2022 waarden dêr wisinten yntrodusearre.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Neresheim, ferzje 24.05.2024