Springe nei ynhâld

Neeltsje Bonnema

Ut Wikipedy

Neeltsje Bonnema (Koehoal, 10 juny 1949) is in Fryske skriuwster.

Bonnema is berne oan de seedyk boppe Tsjummearum. Se skriuwt in soad oer famkes en froulju. Se wennet yn Frjentsjer. Nei har kappersopleding folge se in kursus Frysk en waard letter lesjouster Frysk.

Sûnt 1999 publisearret se gedichten en koarte ferhalen yn literêre blêden en dichtbondels. Se wurket ek mei oan de Fryske skriuwerskalinder is sûnt 2000 lid fan skriuwersploech, Hysp. Yn augustus 2005 ferskynde har earste bondel mei koarte ferhalen, Rachlan by Utjouwerij Venus. Fan 2004 ôf oant skreau se it huldegedicht foar de PC-kening.

  • Famke yn Frjentsjer (memoires fan Hyke Sophia Kuperus) (oerset mei Trinus Riemersma), 2003
  • Rachlan, ferhalebondel 2005
  • tekst katalogus skilder Jan Roos (tekst fan Rudy Hodel), oersetting, 2005
  • Reinke. In lytse skiednis fan in grutte frou. Koarte roman (2017)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: