Springe nei ynhâld

Kûskovo

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nederlânsk Hûs (Kûskovo))
Kûskovo

Куско́во

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 44' N 37° 48' E
bysûnderheden
boujier 1756-1767
boustyl Neoklassisisme
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771420978960006
offisjele webside
kuskovo.ru

Kûskovo (Russysk: Куско́во) is in bûtenpleats yn Moskou, Ruslân. It wie it simmerferbliuw fan de Sjeremetevs, ea ien fan de rykste famyljes fan Ruslân, dat oarspronklik bûten de stêd Moskou lei, mar sûnt de jierren 1960 makket Kûskovo diel út fan it Eastlike Administrative Distrikt fan de stêd. It yn de Frânske styl oanleine park telt tal fan bouwurken dy't it besjen wurdich binne en tsjintwurdich is yn de oranzjery op it lângoed it Russyske Nasjonale Keramykmuseum ûnderbrocht.

Kûskovo kaam yn de 17e iuw yn it besit fan Boris Petrovitsj Sjeremetev (1652–1719), in Russyske maarskalk dy't ûnder tsaar Peter de Grutte tsjinne, dy't Ruslân in oerwinning brocht tsjin Sweden yn de Slach fan Poltova (1707) ûnder de Grutte Noardske Kriich. Op it plak stie al in houten tsjerke, in hûs en ferskate fivers.

Paleis

Syn soan greve Pjotr Borisovitsj Sjeremetev (1713–1787) liet it neoklassisistyske paleis bouwe. Greve Sjeremetev wie ien fan de rykste lju fan Ruslân, hie nauwe bannen mei it hôf en wie in grut leafhawwer fan keunst. Likernôch tagelyk mei Kûskovo liet hy ek in stedspaleis oan de kaai fan de Fontanka yn Sint-Petersburch bouwe. Mei Kûskovo wie de greve fan doel in paleis te bouwen dat moaier en grutter wie as dat fan oaren fan syn stân en dat meunsterje moast mei de residinsjes fan de tsaren. Om't it paleis tichteby Moskou lei en goed te bereizgjen wie, tsjinne it paleis allinnich foar it fieren fan grutte feesten en seremoanjes, dêr't somtiden wol 30.000 gasten op ôf kamen.

De gebouwen op it lângoed waarden tusken 1730 en 1790 op in gebiet fan mear as 300 hektares útfierd. It âldste bouwurk dat de tiid trochstie is de Ferlossertsjerke, dy't op it plak fan in houten tsjerke tusken 1737 en 1739 yn de styl fan de Peter-barok mei moarmeren bylden boud waard. De neoklassisistyske klokketoer waard letter yn 1792 tafoege. It park mei in strakke, geometryske foarmjouwing docht oan Versailles tinken.

Yn 1918 krige it lângoed de status fan it museum en yn 1938 waard besletten om der ek it earste keramykmuseum fan de Sovjet-Uny ûnder te bringen. Yn de Twadde Wrâldkriich waarden der barakken op it gebiet boud foar soldaten dy't in training foar slûpskutter krigen.

Nederlânsk hûs
Grotto
Ferlossertsjerke
Keukengebou
Oranzjery

Paleis (1769-1775)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It paleis waard yn de jierren 1769 oant 1775 oplutsen yn de neoklassisistyske styl, in styl dy't doe foar grutte nije gebouwen yn Sint-Petersburch en Moskou yn opgong wie. It paleis waard fan hout boud op in stiennen sokkel en dêrnei stukadoare en farve yn pastelkleuren en wie ornearre foar de seremoniële ûntfangst fan gasten yn de simmer. De portico fan it paleis waard ûntwurpen mei in mei sfinkseftige bylden flankearre opgong, sadat de koetsen mei maksimaal acht hynders oant de doar ta ride koene om dêr de gasten útstappe te litten. De arsjitekt fan it paleis is net mei wissichheid te sizzen, mar der binne guon dy't de bou taskriuwe oan Karl Blank.

Nederlânsk hûs (1749)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fergulde sifers op it Nederlânske hûs tsjûgje fan in bou yn 1749 en it is it âldste paviljoen. It hûs fan twa ferdjippings is in typysk Nederlânsk hûs út de 17e iuw mei trepgevel en stiet oan in fiver, dy't mei in grêft ferbûn is mei de grutte fiver. De muorren binne stukadoare en mei in bakstienstruktuer beskildere, fan binnen binne de muorren fersierd mei Delfts-blauwe tegels. It hûs waard boud ta oantinken fan Peter de Grutte, by wa't maarskalk Boris Sjeremetev tsjinne.

Italjaansk paviljoen (1754-1755)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Italjaanske hûs ûntstie yn de jierren 1754-1755 en is boud yn de styl fan in Italjaanske filla. De arsjitekt fan it paviljoen wie Jûri Ivanovitsj Kologrivov, dy't yn Rome in oplieding oer arsjitektuer folge hie. it gebou tsjinne as in museum foar de eigners fan Kusovo. De oarspronklike yndieling fan de keamers yn de filla bleau bewarre.

Grotto (1755-1761)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ien fan de meast ynteressante bouwurken fan Kûskovo is de Grotto, dat neffens de arsjitekt de ferpersoanliking fan de eleminten fan stien en wetter foarstelle moast. It barokke gebou waard ûnder lieding fan Fjodr Argûnov boud yn de jierren 1755-1761 en is ryklik fersierd mei bylden yn nissen, reliëfs op de frontons en liuwekoppen. De binnenmuorren binne belein mei kleurd glês, skulpen, stúkwurk en kalktuf.

Hermitaazje (1765-1767)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hermitaazje-paviljoen wie allinnich foar in selekt selskip ornearre, lju dêr't de Sjeremetevs nauwe kontakten mei ûnderholden. Minsken kamen yn de hermitaazje om ûnder de grutte feesten op it lângoed efkes út te rêsten. Op de twadde ferdjipping koe men allinnich mei in meganyske lift komme. Op de ûnderferdjipping wurken de tsjinstboaden, dy't mei in fernimstich systeem hapkes en drankjes nei boppe ta oan de gasten servearje koene. Yn de jierren 1980 waard de hermitaazje yn de oarspronklike steat werom brocht.

  • Oranzjery (1761-1763)
  • Fûgelhûs (resinte bou)
  • Menaazjery (resinte bou)
  • Tsjerke fan de Ferlosser (1737-1739) mei klokketoer (1792).
  • Keukens (1756-1757).
  • Koetshûs (twadde helte fan de 19e iuw)
  • Amerikaanske kassen (resinte bou).
  • Switsersk hûs (jierren 1870, arsjitekt Nikolai Benois)
  • Iepenloftteater(1763).
  • Hûs fan de behearder (1810)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Kuskovo