Liderke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Neaken Wyfke)
liderke
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift asperzje-eftigen (Asparagales)
famylje narsissen (Amaryllidaceae)
skaai liderkes (Galanthus)
soarte
Galanthus nivalis
Linnaeus, 1753

It liderke of snieklokje (Galanthus nivalis) is in op syn meast 25 sm. heech bolgewaaks. It plantsje, dat sjoen wurdt as in maitydsboade, wurdt rekkene ta de stinzeplanten.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It liderke wurdt yn Fryslân ek beneamd as neaken boutsje, neaken earske, foarjiersberntsje, maarteblomke, wyt wyfke, neaken mantsje of neaken wyfke. In soad minsken brûke ek de letterlike Nederlânske oersetting Snieklokje.

Uterlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De blommen hawwe elts in eigen blomstâle en hingje as in klokje oan de top fan it stâltsje. In blom hat 6 bledsjes, wêrfan de bûtenste trije langwerpich binne en de binnenste trije omkeard hertfoarmich. De lange snyleftige blêden binne blau-eftich grien.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De plant komt, omdat er gau en maklik ferwylderet, yn in soad streken foar. De oarsprong leit nei alle gedachten yn Súd- en Midden-Jeropa, al is it bewiis dêrfoar suver net mear te leverjen.

Liderke (detail)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]