Naypyidaw
Naypyidaw Nay Pyi Taw | ||
Polityk | ||
Lân | Myanmar | |
Provinsje | Difyzje Mandalay | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 925.000 (2009) | |
Oerflak | 7.054,37 km² | |
Befolkingsticht. | 131,1 / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Stifting | 2005 | |
Tiidsône | MST (UTC+6:30) | |
Koördinaten |
Naypyidaw (Birmaansk: ) of Nay Pyi Taw (lett: keninklike stêd) is sûnt 6 novimber 2005 de haadstêd fan Myanmar en leit yn de difyzje Mandalay. De stêd leit sa'n 13 kilometer noardwestlik fan de provinsjestêd Pyinmana en 320 kilometer benoarden de âlde haadstêd Rangoon.
Yn it easten fan de stêd leit in grut fort dêr't Thein Sein, it steatshaad fan Myanmar, wennet. Mei de bou fan de plande stêd waard yn 2002 úteinset. In mânsk part fan de stêd is noch yn oanbou en sil om 2012 hinne klear wêze.[1]
Reden foar feroarjen fan haadstêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naypyidaw leit sintraler en strategysker as de âlde haadstêd Rangoon. It is ek in ferkearsknooppunt fan belang dat grinzet oan de steaten Shan, Kayah en Kayin. Der wie ferlet fan in sterkere militêre en oerheids oanwêzigens tichter by de regio's dêr't it allegeduerigen ûnrêstich wie.[2] De offisjele ferklearring foar de feroaring fan haadstêd wie lykwols dat Rangoon ferstoppe en oerbefolke wie en dat dêr hast gjin romte foar útwreiding fan oerheidsgebouwen mear wie.
Guon Westerske diplomaten hawwe wol tocht dat de oerheid yn noed siet oer de mooglikheid fan in bûtelânske oanfal. Rangoon leit oan de kust en is dêrom kwetsber foar in amfibyske ynvaazje.[3][4]
Sônes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naypyidaw is ûntstien op de tekentafel, is rasjoneel fan opset en ferparte yn acht sônes. Dêr is in sône om te wenjen, in militêre wensône (fermoedlik mei tunnels en bunkers), in sône mei de ministearjes, in hotelsône (mei 12 hotels), in winkelsône (winkels, restaurants, merken), in ynternasjonale sône (twa hektare grûn ornearre foar ambassades en haadkertieren fan missys fan de Feriene Naasjes) en it Uppatasanti Pagode-kompleks foarmet ek in sône.
Underwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Naypyidaw
- No. 1 Basis middelbere skoalle
Yezin (pear km noardeast fan Naypyidaw en Pyinmana)
- Universiteit fan Feterinêre Wittenskippen, Yezin
- Yezin Lânbou-universiteit
- Universiteit foar Boskbou, Yezin
-
Aparteminten
-
Winkelsintrum Junction Centre
-
Yngong Fontyntún
-
It algemien sikehûs, iepene yn 2006
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nay Pyi Daw - in fotoalbum
- Inside Napyidaw, The Flying Dutchman blog, 15 juny 2007 (ferslach fan ien fan de twa earste toeristen yn Naypyidaw, mei in protte foto's)
- Abode of Kings in a Derelict Kingdom, Disposable Words blog, 15 juny 2007 (ferslach fan ien fan de twa earste toeristen yn Naypyidaw, mei in protte foto's)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|