Napoleon II
Napoleon Frans Karel Jozef Bonaparte (Parys, 20 maart 1811 - Wenen, 22 july 1832), bynamme l'Aiglon ('it earnsjong'), wie de earste en ienige offisjele soan fan Napoleon Bonaparte en aartshartoginne Marie Louise fan Eastenryk. By syn berte krige er de titel fan kening fan Rome. Hy wie fan 22 juny oant 8 july 1815 as Napoleon II offisjeel keizer fan de Frânsken, mar hat nea echt regearre.
Doe't it Earste keizerryk delfoel flechte er mei syn mem nei Wenen. Nei de Hûndert Dagen proklamearren de Frânske Keamers him offisjeel ta keizer (22 juny 1815), mar op 8 july besletten se dochs Loadewyk XVIII op de troan te setten. It Kongres fan Wenen joech Marie Louise de titel hartoginne fan Parma, Piacenza en Guastalla. Ruslân en Ingelân lykwols wegeren Napoleon syn Frânsk opfolgingsrjocht dêre te erkennen omdat sy gjin Bonaparte op de troan winsken. As kompensaasje krige er fan syn pake keizer Frans yn 1818 de titel hartoch fan Reichstadt.
Hy waard grutbrocht yn Eastenryk en hope yn 1830 mei tastimming fan Klemens von Metternich dochs noch keizer te wurden. Von Metternich brûkte syn oanwêzigens om de Frânske kening Loadewyk Filips te twingen de Julyrevolúsje yn Frankryk te beheinen.
Doe't syn styfheit, Neipperg, stoarn wie en oan it ljocht kaam dat syn mem twa ûnwettige bern krigen hie foar him en foar har houlik, sei er tsjin syn freon Prokesch von Osten: "At Josephine myn mem west hie, soe myn heit nea begroeven wêze op Sint-Helena, en ik soe no net yn Wenen wêze. Myn mem is aardich mar swak; sy wie net de frou dy't myn heit fertsjinne".[1]
Frans koe tige goed mei Prinsesse Sophie fan Beieren en der is wol ornearre dat hy de heit fan har soan west hat; de lettere kening Keizer Maksimiliaan I fan Meksiko[2], mar dy suggestje is gjin bewiis foar.
Frans stoar op 22 july 1832 mei 21 jier yn Paleis Schönbrunn oan tuberkuloaze. Syn lichem leit tsjintwurdich neist dat fan syn heit yn Dôme des Invalides yn Parys.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|