Nakadakultuer
De Nakadakultuer is in neolityske argeologyske kultuer fan 'e kopertiid yn it Predynastike Egypte. De kultuer is ferneamd nei it stedsje Nakada (of Naqada), dat oan 'e rivier de Nyl leit, likernôch healwei tusken de Middellânske See en de grins mei Sûdaan. Fan âlds wurdt ornearre dat de Nakadakultuer bestie fan rûchwei 4400 f.Kr. oant 3000 f.Kr., mar in wittenskiplik ûndersyk troch argeologen fan 'e Universiteit fan Oxford suggerearre yn 2013 in folle lettere begjintiid. Wol bestiet der algemiene oerienstimming ûnder argeologen oer de ûnderferdieling fan 'e Nakadakultuer yn trije fazen: Nakada I, Nakada II en Nakada III.
Nakada I
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nakada I stiet ek wol bekend as it Amratysk Tiidrek. Dat is ferneamd nei it argeologysk fynplak Amra, dat fuortby Abydos leit. Nakada I folge op 'e Tasakultuer en de Badarikultuer. Neffens tradisjonele datearrings barde dat om 4400 f.Kr. hinne, mar yn 2013 kaam in wittenskiplik ûndersyk troch argeologen fan 'e Universiteit fan Oxford, wêrby't wurke waard mei koalstofdatearring fan opdobbe artefakten, út op in folle lettere begjintiid, omtrint 3800 f.Kr. of 3700 f.Kr. Krekt as eardere kultueren yn 'e Egyptyske prehistoarje is Nakada I fral in lokale doarpskultuer wêryn't net folle spoaren werom te finen binne fan maatskiplike stratifikaasje (d.w.s. it bestean fan ûnderskate maatskiplike klassen), alteast net ynsafier't dat fêststeld wurde kin oan 'e hân fan grêfgeskinken. Der waard hannel dreaun mei Núbje yn it suden, de woastynoäzes yn it westen en de Levant yn it noardwesten.
Nakada II
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nakada II stiet ek wol bekend as it Gerzeysk Tiidrek, ferneamd nei Al-Girza, by de Fajûm-oäze. Dizze perioade ûntjoech him om 3500 f.Kr. út Nakada I en fersprate de Nakadakultuer oer de hiele Nyldelling fan it moderne Egypte. Nakada II kin sjoen wurde as in kearpunt yn 'e skiednis fan Egypte, mei't yn dit tiidrek wichtige stêden ta ûntwikkeling kamen, lykas Hierakonpolis, Koptos, Abydos en Nakada. Der ûntstiene stêdsteaten dy't mei-inoar oarloch fierden en inoar feroveren, sadat it proses fan 'e Egyptyske steatsformaasje op gong kaam. Trochdat de stêdsteaten bestjoerd waarden troch keningen, wie der ek foar it earst dúdlik sprake fan maatskiplike stratifikaasje. Fierders is Nakada II de earste perioade yn 'e Egyptyske skiednis wêrfan't mei wissichheid fêststeld is dat der hannelskontakten mei Mesopotaamje ûnderholden waarden.
Nakada III
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nakada III wurdt ek wol it Semainysk Tiidrek neamd (nei it argeologysk fynplak by As-Semaina). In oare, wat misliedende oantsjutting is Dynasty 0, om't dizze lêste faze fan 'e Nakadakultuer foarôfgie oan 'e dynastyke perioade fan Egypte. Nakada III foel fierders gear mei it Proto-Dynastyk Tiidrek. De perioade begûn omtrint 3200 f.Kr. en rûn oant likernôch 3000 f.Kr., doe't er oergie yn it Ier-Dynastyk Tiidrek. Under Nakada III sette it steatsfoarmingsproses troch en ûntstie úteinlik, troch de ferovering fan Neder-Egypte troch Opper-Egypte, ien feriene Egyptyske steat. Ut deselde tiid datearje ek de ierst oerlevere hieroglife-ynskripsjes yn it Egyptysk. De hieroglifen soene as skrift ûntstien wêze kinne as reäksje op it kontakt mei Mesopotaamje, dêr't al langere tiid it spikerskrift yn gebrûk wie, mar se binne dêr beslist net fan ôflaat, om't de beide skriftfoarmen radikaal faninoar ferskille. De measte egyptologen beskôgje Narmer as de lêste kening fan it Proto-Dynastyk Tiidrek en teffens as de earste kening fan 'e Earste Dynasty fan Egypte.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In bollepalet (foar- en efterkant), Nakada III
-
In slachfjildpalet, Nakada III, 3100 f.Kr.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|