Springe nei ynhâld

Nachtwachter

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nachtwacht)
Spaanske nachtwachter út it begjin fan de 20e iuw

In nachtwachter, nachtwacht of nachtweit(j)er is in bewekker dy't by nacht ferantwurdlik is foar de befeiliging fan it ien of oar. Faak giet it dêrby om ynstellings dy't djoer guod op 'e noed hawwe, lykas museä, of dêr't om in kolleksje libbene bisten tocht wurde moat, lykas dieretunen of iepenbiere akwaria. It kin lykwols ek gean om oerheidsynstânsjes, lykas ministearjes, of om in bedriuw of bedriuweterrein. It is de taak fan in nachtwachter om datjinge dat er bewekket, te beskermjen tsjin ynbraak, dieverij, fandalisme en brân. Histoarysk waard immen dy't yn in stêd nachts de wacht hold (benammen tsjin brân) in rattelwacht of rattelman neamd, om't er in rattel by him hie om leven mei te meitsjen foar it gefal dat er de lju út 'e sliep helje moast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: