Nôtdragershúske
Nôtdragershúske Korendragershuisje | ||
museum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
adres | Eise Eisingastrjitte 28 | |
koördinaten | 53°11′15″ N 5°32′46″ E | |
Algemiene gegevens | ||
type | histoarysk gebou | |
oprjochting | 1975? | |
Arsjitektuer | ||
namme gebou | Nôtdragershúske | |
type gebou | tolhûs | |
boujier | 1634 | |
boustyl | renêssansisme | |
monumint. status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15680 | |
Offisjele webside | ||
www.korendragershuisje.nl | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Frjentsjer.
|
It Nôtdragershúske (Nederlânsk en offisjeel: Korendragershuisje of ek wol Zakkendragershuisje) is in monumintaal hûs yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. Foarhinne die dit gebou tsjinst as tolhûs foar de trochfier fan nôt. Tsjintwurdich hat it de funksje fan museum en de status fan ryksmonumint. It is yn it besit fan 'e Stifting Monuminten De Waadhoeke.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tolhûs waard yn 1634 boud yn in let-renêssansistyske boustyl mei maniëristyske eleminten. It hat in sealdak en in boppe de grêft oerkraagde (útstykjende) sydgevel. De halsgevel is foarsjoen fan klaustikken mei foluten. Op 'e foargevel fan it hûs binne seis sierlike muorre-ankers oanbrocht en teffens binne der fiif aparte gevelstiennen ynmitsele.
Op 'e meast yn it each springende gevelstien is in nôtmjitter te sjen dy't in nôtmjitte draacht mei de ynhâld fan in skepel. Oare gevelstiennen toane it wapen fan Frjentsjer (in goudkleurige klok op in blau fjild), en de letters TAK (foar Tol, Accijns, Korenmeten). De lêste beide gevelstiennen drage it wurd "Anno" en it jiertal "1634".
It Nôtdragershúske behold oant yn 'e tweintichste iuw yn oarspronklike funksje; oant yn 1937 hie de Gemeente Frjentsjer noch twa nôtmjitters yn 'e tsjinst. It Nôtdragershúske ûndergie yn 1924 en op 'e nij yn 1975 in restauraasje. Tsjintwurdich docht it tsjinst as in (fergees tagonklik) museum, dat beheind iepen is (anno 2018 allinne op snein en moandei).
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
de oerkraagde sydgevel
-
gevelstien mei in nôtmjitter
-
gevelstien mei it stedwapen fan Frjentsjer
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|