Springe nei ynhâld

Myte

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Myten)

In myte is in soarte fan fertelling en in subsjenre fan it folksferhaal. It wurdt faak beskôge as in wize les yn de foarm fan in ferhaal. It wurd komt fan it Grykske wurd μυθος, mythos, dat oarspronklik 'sprutsen wurd' of 'fertelling' betsjutte. Eartiids hie it benammen by de prehistoaryske of ûnbelêzen kultueren in wichtich doel, nammentlik it bewarjen fan de wiisheid troch middel fan de mûnlinge tradysje mei help fan kundige ferhalefertellers.

Bytiden binne myten weardefoller foar it begripen fan it ferline as de skiedskriuwerij. Folle letter as harren ûntstean waarden de myten opskreaun doe't de minskheid it skrift útfûn. In protte binne sadwaande bewarre bleaun, faak yn ferskate foarmen. Al dizze myten befetsje û.o. ûnderfinings fan goaden, skeppingsbeskriuwings of oare skiednissen út it ferline. Mar dêr't yn eltse myte feitlik omgiet is it ripe fan de yndividu, fan ôfhinklik bern fia folwoeksens, fia ripens nei it ein, en dêrnjonken op hokker wize hja him hâlde moat ta de maatskippij, en hoe de maatskippij him ferhâldt ta de natuer en de kosmos.

Tsjintwurdich wurdt yn it algemien in myte sjoen as "mar in ferhaaltsje", dat wol sizze, in ferhaal dat dan wol betsjuttingsfol wêze kin foar guon groepen minsken, mar dat net wier hoecht te wêzen. De krêft fan de myte leit folle mear yn de betsjutting as yn de wierheid fan it ferhaal.

  • Joseph Campbell en Bill Moyers, Mythen & Bewustzijn, de kracht van de mythologische verbeelding, (1988 Houten).