Myriapodology
Appearance
Myriapodology is de foarm fan 'e soölogy (dierkunde) dy't him rjochtet op it ûndersyk nei de tûzenpoatigen (Myriapoda), lykas de tûzenpoaten en de miljoenpoaten. Dy bisten meitsje ûnderdiel út fan 'e lidpoatigen (Arthropoda). Dizze stúdzje is dêrmei in tûke fan 'e bredere artropodology, dêr't ek de entomology (stúdzje fan ynsekten), arachnology (stúdzje fan spinnen) en karsinology (stúdzje fan kreefteftigen) ta hearre.
Immen dy't oan myriapodology docht is in myriapodolooch. De wichtichste ynternasjonale organisaasje op it mêd fan 'e myriapodology is it Ynternasjonaal Genoatskip foar Myriapodology (ISM), dat as orgaan it International Journal of Myriapodology hat.
Guon myriapodologen fan namme wiene:
- Carl Attems (1868–1952)
- Stanley Graham Brade-Birks (1887-1982)
- Henry W. Brolemann (1860–1933)
- Ralph Vary Chamberlin (1879–1967)
- Orator F. Cook (1867–1949)
- Richard L. Hoffman (1927–2012)
- Cas Jeekel (1922–2010)
- Otto Kraus (1930–2017)
- Robert Latzel (1845–1919)
- Harold F. Loomis (1896–1976)
- Paola Manfredi (1889–1989)
- Yu-Hsi Wang Moltze (1910–1968)
- Filippo Silvestri (1873–1949)
- Ödön Tömösváry (1852–1884)
- Karl Wilhelm Verhoeff (1867–1944)