Museum fan de Folksarsjitektuer en it Libben yn de Transkarpaten
Appearance
It Museum fan de Folksarsjitektuer en it Libben yn de Transkarpaten (Oekraynsk: Музей народної архітектури та побуту Прикарпаття) is in iepenloftmuseum yn de Oekraynske stêd Uzjhorod.
It museum hat in oerflak fan 5,5 hektare en waard yn 1965 stifte. Sûnt 1970 is it foar toeristen iepene. It iepenloftmuseum hat 30 histoaryske bouwurken út it oblast Transkarpaasj. Under de bouwurken binne sân pleatsen, seis hûzen, in skoalle, in smidse, in mûne, in herberch en mear as 14.000 objekten.
Yn it midden fan it museum stiet de 18e-iuwske houten Sint-Michaeltsjerke, oarspronklik ôfkomstich út it doarp Sjevestove yn it rayon Mûkatsjevo.
Net fier fan it museum leit de eardere fêsting Uzjhorod.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Museum of Folk Architecture and Life, Uzhhorod fan Wikimedia Commons. |