Springe nei ynhâld

Museum fan Sint-Helena

Ut Wikipedy
Museum fan Sint-Helena
  museum
Museum fan Sint-Helena
Museum fan Sint-Helena
Lokaasje
lân Grut-Brittanje
Flgge fan Transkarpaasje Sint-Helena
plakJamestown
koördinaten15° 55′ S, 5° 43′ W
Algemiene gegevens
typeKultuerhystoarysk museum
oprjochting1854

It Museum Sint-Helena, ek St.-Helena-Museum, en earder St. Helena Museum[1], is in museum op it eilân St. Helena, yn it Britske oerseeske gebiet Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha. It museum, oer skiednis en kultuer fan it eilân, stiet oan de foet fan de saneamde Jakobsljedder yn de haadstêd Jamestown. It is ien fan de twa museums op it eilân; it oare is Longwood House dêr't Napoleon Bonaparte ûnder syn ferballing wenne.

It museum waard oprjochte yn 1853, mar hie doe net folle om de hakken, topstikken wiene in seeslange en in fleanende hagedis. Yn 1980 waard it museum ûnderbrocht yn Broadway House. De neikommende 20 jier groeide de kolleksje bot en waard in grutter gebou nedich. It museum op it plak fan no waard iepene op 21 maaie 2002 troch gûverneur David Hollamby. It húsmannet yn in âlde elektrisiteitssintrale dy't oant 1984 brûkt waard.[2] De Heritage Society, in projekt fan de St. Helena National Trust beheart it museum.

Keppelings om uens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. About Us. Museum of Saint Helena. Sjoen 28 novimber 2017.
  2. Museum of St Helena. Museum of Saint Helena. Sjoen 28 novimber 2017.