Springe nei ynhâld

Muraltmuorre

Ut Wikipedy
Muraltmuorre

In muraltmuorre is in muorke op in dyk, in goedkeape, alternative metoade fan dykopheging. In muraltmuorre bestiet út trije of fjouwer horizontale betonplaten fan likernôch ien meter heech, oanbrocht tusken betonnen steanders.

Muraltmuorren binne útfûn troch jonkhear yr. R.R.L. de Muralt, haad Technyske Tsjinst fan it wetterskip Schouwen tusken 1903 en 1913. Nei de stoarmfloed fan 1906, ûntwikkele er in goedkeape manier om diken te ferheegjen sûnder dat it dyklichem ferbrede hoechde te wurden. Tusken 1906 en 1935 waard sa'n 120 km fan dizze muraltmuorkes oanlein, likernôch in tredde fan de lingte fan alle doetiidske Siuwske bûtendiken. By de wettersneed fan 1953 die bliken dat se net foldienen. Ut reden dêrfan binne de measte muraltmuorren by de dykferhegings nei 1953 ôfbrutsen.

De stikken Muraltmuorre dy't bewarre bleaun binne hawwe de status fan ryksmonumint.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]