Moskee fan Sint-Petersburch
Moskee fan Sint-Petersburch | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
koördinaten | 59° 57' N 30° 19' E | |
gegevens | ||
streaming | Soennisme | |
arsjitektuer | ||
styl | Art nouveau | |
arsjitekt | Nikolaj Vasiljevitsj Vasiljev | |
boujier | 1909-1920 | |
oantal minaretten | 2 | |
maksimale hichte | 48 m | |
oars | ||
monumintale status | regionaal monumint | |
monumintnûmer | 781510312970005 | |
Kaart | ||
De Katedrale moskee fan Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербургская соборная мечеть, Sankt-Petersboergskaja sobornaja metsjet) is in Art-nouveau-monumint yn it sintrum fan Sint-Petersburch yn Ruslân. By de iepening fan 'e moskee yn 1913 wie it de grutste moskee fan it Keizerryk Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De moskee waard tusken 1910 en 1913 ta betinken fan it 25-jierrich jubileum fan emir Alim Khan fan it emiraat Bûchara boud. Doe hie Sint-Petersburch in islamityske mienskip fan likernôch 8.000 minsken en dêrmei koe de moskee it grutste part fan 'e mienskip bergje. It ûntwerp fan it bouwurk is fan Nikolaj Vasiljevitsj Vasiljev, dy't him ynspirearje liet troch it mausoleum fan Timoer Lenk. Alhoewol't de moskee al yn 1913 yn gebrûk nommen waard, duorre de foltôging fan de moskee noch oant 1921.
Nei de Russyske Revolúsje waard it gebou sekularisearre, mar de moslims mochten de moskee gratis brûke. Wol wiene hja ferplichte om de moskee sels te ûnderhâlden. Op 30 april 1920 wie al it wurk oan de moskee foltôge, mar oant 1921 waard noch fierder wurke oan de bou fan 'e kreake foar de froulju. Dêrnei bleau de moskee noch lang iepen, mar yn 'e jierren 1930 moasten de moslims wol tastean dat de kelder fan 'e moskee as opslach foar ierpels en fruit brûkt waard. Yn maaie 1941 folge de oerdracht fan it gebou oan 'e Sûnenstsjinst fan Sint-Petersburch, dy't it gebou brûkte foar de opslach fan medyske apparatuer.
De moslims hiene no gjin gebedsplak mear en wykten út nei it islamityske begraafplak oan 'e Volkovski Prospekt. Tusken de grêven bidden dêr freeds sa'n 400 oant 500 minsken en oant op it offer- en it sûkerfeest wol 5.000 leauwigen.
Nei de Twadde Wrâldkriich besochten de moslims fan Sint-Petersburch om harren wer as religieuze mienskip registrearje te litten. De moskee waard lykwols oan it Hermitaazje oerdroegen, dy't it gebou as in filiaal iepene mei in samling keunstwurken út Sintraal-Aazje. De moslims besochten om 'e nocht wer earne in gebou werom te krijen en hiene harren each ek û.o. falle litten op 'e yn 1934 sletten katolike Stanislavtsjerke op 'e hoeke fan 'e krusing fan 'e Ulitsa Sojûza Petsatnikov en de Masterskaja Ulitsa. Yn 1954 wie der sprake fan om in nije moskee te bouwen by it islamityske begraafplak, mar dat waard ôfkard.
Lang om let waard op 12 desimber 1955 besletten de eardere moskee wer oer te dragen oan 'e islamityske mienskip en op 18 jannewaris 1956 waard der foar it earst wer bidden yn 'e moskee. By in besite fan in delegaasjes fan it Yndonezyske regear oan Ruslân wie presidint Soekarno bûtenlânske gast yn 'e de moskee.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oansjen fan 'e moskee waard in kombinaasje fan easterske eleminten en turkwaze-blau mozaykwurk.
De muorren binne fan griis granyt en de koepel en de twa minaretten waard ôfwurke mei mozayk keramyk yn himelsblau. De gevels binne fersierd mei teksten út de Koran yn karakteristike Arabyske kalligrafy. De pylders binne mei grien moarmer oerdutsen.
Foar de oanklaaiïng waard gebrûk makke fan ûnbidich grutte kleden, dy't troch wevers út Sintraal-Aazje makke binne.
Diminsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- lingte - 45 m.
- breedte - 32 m.
- hichte fan 'e haadkoepel - 39 m.
- oantal minaretten - 2.
- hichte minaretten - 48 m.
- kapasiteit - 5000 minsken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysk- en de Nederlânsktalige Wikipedyside (ferzjes 7 april 2024); sjoch foar de bewurkingsskiednis foar skiednis en diminsjes: ru:Санкт-Петербургская соборная мечеть en arsjitektuer: nl:Moskee van Sint-Petersburg.
|