Springe nei ynhâld

Monumint fan Vladimir de Grutte (Moskou)

Ut Wikipedy

It Monumint fan Vladimir de Grutte (Памятник Владимиру Великому) is in grut stânbyld krekt bûten it Kremlyn fan Moskou, Ruslân.

De wijing fan it monumint troch patriarch Kirill

It byld fan de keunstner Salavat Sjtsjevbakov is mear as 17 meter heech en weacht 25 ton. Under Vladimir de Grutte waard de Kiëvske Ryk in kristlik ryk.

It monumint waard op 4 novimber 2016 op de feestdei fan de Nasjonale Ienheid krekt bûten de muorren fan it Kremlyn ûntbleate. De seremoanje waard bywenne troch de presidint fan de Russyske Federaasje, Vladimir Pûtin, de Russyske premier Dmitri Medvedev, de minister fan kultuer Vladimir Medina, de boargemaster fan Moskou en leden fan it regear en fertsjintwurdigers fan maatskiplike organisaasjes, de wittenskip, de kultuer en de keunst en tsientûzenen Moskoviten.

It byld waard ynwijd troch patriarch Kirill.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: