Monument Valley
Monument Valley (Navaho: Tsé Bii’ Ndzisgaii, "Rotsedelling") is in tige pittoreske fallei yn it Koloradoplato dy't karakterisearre wurdt troch in stikmannich ûnbidige sânstiennene rotsformaasjes (yn it Amerikaansk-Ingelsk: buttes), wêrfan't de grutste 300 m boppe de dellingsflier útstekt. De krite leit krúsling oer de grins fan 'e Amerikaanske steaten Arizona en Utah hinne (op likernôch 36°59′ Noarderbreedte by 110°06′ Westerlingte), deunby it gebiet dat bekendstiet as Four Corners ("Fjouwer Hoeken"), dêr't de grinzen fan Arizona, Utah, Nij-Meksiko en Kolorado gearkomme yn in "fjouwersteatepunt". Monument Valley leit yn it reservaat fan 'e Navaho Naasje, en is tagonklik fanôf U.S. Highway 163.
Gebrûk troch de Filmyndustry
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt Monument Valley yn 'e 1930-er jierren ûntdutsen waard troch de filmyndustry fan Hollywood, is it skildereftige lânskip fan 'e delling as eftergrûn brûkt foar withoefolle produksjes yn in ferskaat oan media. De ferneamde westernregisseur John Ford brûkte de lokaasje foar in stikmannich fan syn bekendste films. Neffens kritikus Keith Phipps hawwe dêrtroch "dizze fiif kante myl definiëarre wêr't desennia oan bioskoopbesikers oan tinke as se har it Amerikaanske Westen foarstelle."
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strikt nommen is Monument Valley grutter as dy "fiif kante myl", en heart ek it stedsje Oljato derta. It kearngebiet foarmet it Navaho Tribale Park Monument Valley, wat it ekwifalint fan in nasjonaal park is foar de Navaho Naasje. Der komme frijwat toeristen op ôf, dy't nei it beteljen fan yntreekosten in ûnferhurde wei del ride kinne om 'e rotsformaasjes te besichtigjen, in rit dy't twa oant trije oeren duorret. Dielen fan Monument Valley, lykas Mystery Valley en Hunts Mesa, binne inkeld tagonklik ûnder begelieding fan in pleatslike gids.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Monument Valley hat in woastynklimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,8 °C. De simmernachten binne noflike koel, mei't de temperatuer nei it ûndergean fan 'e sinne hiel fluch omleech giet. Hoewol't de deitemperatueren by 't winter yn 'e regel boppe it friespunt binne, sakje se der nachts ornaris ûnder. Kâlder as –18 °C wurdt it mar komselden. De delling kriget jiers trochinoar mar 115,3 mm delslach, en inkeldris falt der winterdeis wat snie.
Panorama
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|