Monique Smit

Ut Wikipedy
Monique Smit
sjonger en/of muzikant
Monique Smit yn 2010
Monique Smit yn 2010
persoanlike bysûnderheden
echte namme Margareta Geertruida Maria Monique Smit
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 april 1989
berteplak Volendam
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
sjenre palingsound, nederpop
sjongtaal Nederlânsk
ynstrumint sjongen
jierren aktyf 2007-no

Margaretha Geertuida Maria Monique Smit (Volendam 9 april 1989) is in Nederlânske sjongster.

Monique Smit wie bekend op telefyzje mei it programma 'Gewoan Jan Smit', in reallifesoap fan har broer Jan Smit. Yn it foarjier fan 2007 die se mei oan it programma 'Just the Two of Us', dêr't sy ûnder profesjonele begelieding in muzikale karriêre yn begûn. Har partner yn dat programma wie Xander de Buisonje; tegearre oermasteren se úteinlik de earste priis. Foar't Monique meidie oan de show Just the Two of Us, wie se kapster.

Kryst 2006 song se krystferskes foar eltsien mei har broer Jan Smit dy't as b-kant ferskynden op de single Cupido. Yn 2007 tekene se in platekontrakt; har earste single 'Wild' kaam ein juny út. Foar letter dat jier stie der in album pland, mar it waard útsteld, krekt as har twadde single, fanwegen stimproblemen.

Hja makket ek it programma Kids Top 20.

Yn 2008 die se mei oan de Jan Smit komt naar je toe-toer. Sûnt 2010 presintearret se it deistige programma Wild van Muziek op Sterren 24. Dêr wie se yn desimber 2010 ek gastfrouwe fan de Sterren 24 Awards, tegearre mei Kees Tol en de Fryske sjonger Tim Douwsma.

Op 17 septimber 2010 waard de single Zie wel hoe ik thuis kom fan Jan Smit útbrocht, dêr't Monique Smit tegearre mei har broer op de b-kant mei When you're gone op te hearren is. It duet Eėn zomeravond met jou dat se yn 2011 mei Tim Douwsma útbrocht, is in cover fan it Italjaanske liet Sarà perché ti amo fan Ricchi e Poveri. Yn 2013 nommen Smit en Douwsma tegearre in album op en giene se op toer yn Nederlân en Belgje.

Op 1 augustus 2015 waard har earste bern berne, in jonkje. De man mei wa se it bern krige, hie al in bern út in eardere relaasje. Fan 2017 ôf is se, as presintatrise, online te sjen by Telegraaf VNDG (Telegraaf Media Groep).

Op 11 july 2019 waard har twadde soan berne.

Monique Smit mei Tim Douwsma yn 2013