Springe nei ynhâld

Claude Monet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Monet)
Claude Monet

Claude Oscar Monet (Parys, 14 novimber 1840 - Giverny (Heech-Normandje), 5 desimber 1926) wie in Frânske skilder. Monet wie ien fan de liedende skilders yn de ympresjonistyske styl.

Monet ferhuze doe't er sawat 5 jier wie mei syn famylje nei Le Havre. Monet wie yn de jierren 1861-62 yn militêre tsjinst yn Afrika, wat syn lettere kar om benammen lânskippen te skilderjen beynfloede hawwe kin.
Fan likernôch 1865 ôf hie Monet in relaasje mei Camille Doncieux. Yn 1867 waard harren earste soan, Jean, berne yn Parys. Se trouden yn de simmer fan 1870. Harren houliksreis gie nei Trouville, mar fanwege de oarloch tusken Frankryk en de Prusen flechten se nei Londen. Fia Nederlân kamen se werom yn Frankryk dêr't se harren yn Arqunteuil ta wenjen setten. Dat plak wie fia it Paryske stasjon Saint-Lazere, dêr't Monet ferskate skilderijen fan makke hat, maklik te berikken. Finansjeel gie it Monet yn dy perioade foar de wyn: syn skilderijen ferkochten goed.

Pompeblêdefiver (1899)

Yn 1879 waard de twadde soan, Michel, berne, koart foardat de famylje Monet nei Vétheuil ferhuze. Yn 1879 ferstoar Camille. Monet huze doe al mei Alice Hoschedé en har man Ernest. Dy ûngebrûklike ferhâlding wie de oanlieding ta in stream fan geroften en Monet syn relaasje mei kollega skilders kaam dêrtroch ûnder druk te stean. Yn 1883 ferhuze de 'ménage' mei harren acht bern nei Giverny. Yn 1891 ferstoar Ernest, wat it paad frij makke foar in houlik tusken Monet en Alice. Foar de famylje Monet bruts in rike tiid oan.

Yn 1911 ferstoar Alice, yn 1914 folge troch Monet syn âldste soan Jean. Jean wie troud mei de twadde dochter fan Alice, Blanche. Blanche soarge as widdo foar de skilder op jierren. Monet is 86 jier wurden.

Impressions du soleil levant (1899)

Nei earst benammen karikatuertekeningen makke te hawwen, begûn Monet op syn 24ste mei it skilderjen fan lânskippen yn de bûteloft, soks op oanrieden fan de Normandyske skilder Eugène Boudin. Monet skildere benammen de lânskippen yn syn eigen omjouwing: yn Arquenteuill it ferneamde fjild mei klaproazen en yn Giverny stikken fan syn eigen tún dy't letter in toeristysk plak wurden is. Syn skilderij Impression, soleil levant út 1874 joech oanlieding ta de namme ympresjonisme.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]