Springe nei ynhâld

Molenstein

Ut Wikipedy
Molenstein
Skynkapel Molenstein

Kastiel Molenstein is in kastiel, wierskynlik datearjend út de 16e iuw, oan de Langbroekerdyk 34 yn de gemeente Driebergen. It stiet foar de bûtenpleats Leeuwenburg oer en is net tagonklik.

It kastiel wurdt foar it earst neamd yn 1609. Al yn de 15e iuw wie de famylje Fan Zuylen fan Nijevelt eigener fan de grûn dêr't Molenstein letter op boud waard. Yn de ier-17e-iuwske list fan ridderhofstêden wurdt it hûs neamd as in lusthûs fan de famylje Fan Zuylen fan Nijevelt. Net lang dêrnei komt it yn besit fan de famylje Fan Reede.

Catharina fan Merveldt, wie nei it ferstjerren fan har earste man, Bartholomeus de Wael, yn 1610 troud mei Frederik fan Reede fan Amerongen. In jier letter stjert Frederik en yn 1615 lûkt Catharina har werom 'Muelensteyn te Nederlangbrouck'. Nei har ferstjerren ferervet Molenstein op har soan út har earste houlik en komt by it besit fan Moersbergen. Ien fan de eigeners fan Moersbergen, Johan Gerard fan Oostrum, wurdt ûnder ynfloed fan pater Theodorus fan Reede roomsk, en Molenstein wurdt dan in skoft as skûlkapel brûkt (oant 1672). Nei 1672 komt de eigener fan Moersbergen yn finansjele problemen en is needsake it hûs te ferkeapjen wêrnei't it yn besit komt fan de eigeners fan Hinderstein en letter fan Hardenbroek.

Yn 1821 komt Molenbroek by eintsjebeslút yn besit fan de eigeners fan Leeuwenburg doe't A.J. de Beaufort de nije eigener waard. Yn de ferkeapakte wurdt it beskreaun as 'een huis genaamd Molenstein met drie daggelderswoningen onder één dak, benevens een hofstede'.

Oarspronklik bestie Molenstein út twa lytse rjochthoekige wenblokken mei trepgevels en in achtkantich tuorke. Op in ôfbyld út 1760 stiet in gebou dat in soad liket op it hjoeddeiske, al is dy fan 1865. Yn dat jier waard it troch de destiidske eigener ferboud of werboud yn neo-goatyske styl.

It gebouke stiet grif op de fundearrings fan in âlder hûs of in diel dêrfan. Molenstein is no al 150 jier yn besit fan de famylje de Beaufort. Begjin 21e iuw is it yngreven restaurearre en wurdt no wer bewenne troch de eigener.

  • 1615 Catharina fan Merveldt
  • famylje De Wael
  • ± 1675 hear fan Hardenbroek
  • sûnt ± 1850 famylje de Beaufort