Mockrehna is in plak en gemeente yn 'e LandkreisNoardsaksen yn Dútslân. De gemeente Mockrehna hat 4.884 ynwenners.
De gemeente leit tusken de stêden Eilenburg (15 km) en Torgau (15 km).
De namme Mockrehna waard foar it earst neamd yn 'e 12e iuw.
De gemeente yn 'e hjoeddeiske foarm is op 1 jannewaris 1999 stifte. Doe binne de foarhinne selsstannige gemeenten Audenhain, Klitzschen, Langenreichenbach, Mockrehna sels, Wildenhain en Wildschütz fúzjearre. Op 1 jannewaris 1994 wiene Schöna en Strelln al by Mockrehna foege. It is wat oerflak oanbelanget in relatyf grutte gemeente en de njoggen doarpen lizze ferspraat tusken de grutte bosken fan it Natuerpark Dübener Heide.
It doarp Mockrehna stiet bekend om de tsjoender Pumphut. Neffens de leginde smiet er syn bile yn 'e tsjerketoer fan Mockrehna en yn 'e spits fan 'e doarpstsjerke is dy bile noch jimmeroan te sjen. De bile stiet ek op it wapen fan Mockrehna.