Springe nei ynhâld

Mirzə Fətəli Axundov

Ut Wikipedy

Mirzə Fətəli Axundov (útspr.: [mirzæ fætæli axundov], likernôch: "mir-zeh fet-tel-ly a-chûn-dov"), yn it Perzysk bekend as میرزا فتحعلی آخوندزاده, Mirza Fatali Achûndzadeh, (Şəki, Azerbeidzjan, 12 july 1812 - Tbilisi, 9 maart 1878) wie in ferneamde Iraansk-Azerbeidzjaanske skriuwer, toanielskriuwer, ateïst, filosoof en grûnlizzer fan de Azerbeidzjaanske moderne literêre krityk, "dy't benammen bekendheid krige as skriuwer fan Europeesk ynspirearre toanielstikken yn de Azerbeidzjaansk-Turkske taal".

Axundov iepene eigenhannich in nije faze yn de ûntwikkeling fan de Azerbeidzjaanske literatuer. Hy wie ek de grûnlizzer fan de materialisme- en ateïsmebeweging yn de Republyk Azerbeidzjan en ien fan de foarrinners fan it moderne Iraanske nasjonalisme. Hy pleite der ek foar om it Azerbeidzjaanske skrift om te skeakeljen fan it Perzysk-Arabyske skrift nei it Latynske alfabet.

Neffens histoarikus en politikolooch Zaur Gasimov wie it hiele yntellektuele lânskip fan Achûndzadeh " ticht ferweve mei it Perzyske ideeëgoed ". Axundov definiearre syn sibben as Turken, mar beskôge Iran tagelyk as syn heitelân.

De Nasjonale Bibleteek fan Azerbeidzjan en it Akademysk Opera en Ballet Teäter fan Azerbeidzjan, lykas in tal strjitten, parken en biblioteken, waarden ek nei Achûndzadeh ferneamd yn Azerbeidzjan. In kultureel museum yn Tbilisi, Georgië, dat him rjochtet op de Georgysk-Nederlânske kulturele relaasjes, is ek nei him ferneamd.

Wichtige wurken
  • Комедии Мирзы Фетъ-Али-Ахундова (Komeedzjes fan Mirza Fatali Axundov). Tiflis, 1853.
  • Tamsīlāt-i Kaputan Mīrzā Fath-ʿAlī Āḵūndzāda (Samling toanielstikken fan Mirza Fatali Achûndzadeh). Tiflis, 1860.
Literêre krityk
  • Qirītīkah (Krityk)
  • Risālah-i īrād (Ferhanneling oer it opspoaren fan flaters)
  • Fann-i kirītīkah (Keunst fan it krityk jaan)
  • Darbārah-i Mullā-yi Rūmī va tasnīf-i ū (Oer Rumi en syn wurken)
  • Darbārah-i nazm va nasr (Oer fersen en proaza)
  • Fihrist-i kitāb (Foaropwurd by it boek)
  • Maktūb bih Mīrzā Āqā Tabrīzī (Brief oan Mīrzā Āqā Tabrīzī)
  • Uṣūl-i nigārish (Prinsipes fan skriuwen)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: