Minho
Appearance
De Minho (Spaansk: Miño) is in rivier dy't op in hichte fan 750 m ûntspringt yn it Galisyske Meiraberchtme by de stêd Galiza en 340 km fierderop yn de Atlantyske Oseaan útrint, besuden A Guarda en noardlik fan Caminha. De lêste 75 km foarmet de Minho de grins tusken Spanje en Portugal. De Sil, Neira, Barbantiño en Búbal. binne de grutste sydrivieren fan de Minho.
Yn de Aldheid hjitte de rivier fan Minius en hie itselde ferrin as no, mar der gie doe mear wetter trochhinne. Sa'n seis kilometer besuden Valença leit in ienbôgige Romeinske brêge oer de rivier, de Ponte Velha fan Chamozinhos.
.