Militêr transportfleantúch

Ut Wikipedy
Airbus A400M Atlas transportfleantúch fan de Royal Air Force
In Douglas C-47 Skytrain, ôflaat fan de Douglas DC-3

In militêr transportfleantúch of militêr frachtfleantúch, is in transportfleantúch dat brûkt wurdt om militêre operaasjes te stypjen troch troepen en militêre útrissing troch de loft te ferfieren. Transportfleantugen binne krúsjaal foar it ûnderhâlden fan befoaringslinen nei foarútskode bases dy 't min te berikken binne oer de grûn of oer it wetter, en kinne brûkt wurde foar sawol strategyske as taktyske missys. Se wurde ek faak brûkt foar sivile needhelpmisjes troch humanitêre help te ferfieren.

In militêr transportfleantúch hat meastal gjin fêste sitplakken, mar wol foarsjennings foar it fêstmeitsjen fan guod en/of materieel.

Militêre transportfleantugen binne meastal net bewapene, mar hawwe faak wol ôfliedingsmiddels tsjin raketten lykas ljochtkûgels.