Mikojan
Appearance
(Trochferwiisd fan Mikojan-Goerevitsj)
It Fleanmasineûntwerpburo fan Mikojan, earder Mikojan-Goerevitsj, is in Russyske fleanmasinemakker, oprjochte yn 1939. Faak wurdt de ôfkoarting MiG brûkt, ôflaat fan it Russyske "Микоян и Гуревич" (Mikojan i Goerevitsj) wat 'Mikojan en Goerevitsj' betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bedriuw waard oprjochte troch Artjom Mikojan en Michail Goerevitsj. Nei it ferstjerren fan Mikojan yn 1970 krige it bedriuw de namme Mikojan. It bedriuw is op it heden mei Iljoesjin, Irkoet, Soechoj, Tupolev, en Jakovlev part fan in nij bedriuw, de Feriene Fleanmasineboukorporaasje.
Fleanmasines
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- MiG-15 (1948)
- MiG-17 (1950)
- MiG-19 (1955), MiG's earste supersoanyske jachtfleamasine.
- MiG-21 (1960)
- MiG-23 (1974)
- MiG-25 (1966)
- MiG-27 (1973), op basis fan de MiG 23
- MiG-29 (1983)
- MiG-31 (1983)
- MiG-33 (1989), ek wol MiG-29M neamd.
- MiG-35 (2000), ûntjouwing fan de MiG-29
- MiG MFI
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mikoyan-Gurevich fan Wikimedia Commons. |